Oerlis:Goudtúfkes
Nij mêdAppearance
(Trochferwiisd fan Oerlis:Goudtoefkes)
Lêste reäksje: 15 deien lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Túfke-Toefke
Túfke-Toefke
[boarne bewurkje]@RomkeHoekstra en Ruurd Jorritsma: Goeie. Romke, dat jo Wâldske wurdfoarmen lykas "-túfke" brûke: bêst genôch. Mar ik fyn dat jo ferskillende wurdfoarmen net trochinoar brûke kinne. No hawwe wy in famylje "Goudtoefkes" mei de skaaien "Echte goudtúfkes" en "Robyntúfkes" en de soarten "Goudtoefke", "Amerikaansk goudtúfke", "fjoertoefke", "Madearafjoertúfke", "Taiwangoudtúfke" en "Robyntúfke". Sa wurdt it fansels in rommeltsje. Litte wy by sa'n groep byinoar hearrende nammen ien foarm kieze dy't we brûke, dan kin de oare foarm as synonym meijûn wurdt. It makket my net folle út hokker foarm it dan wurdt, mar sa't it no is, kin it net, fyn ik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 feb 2026, 14.56 (CET)