Oerlis:Gnodden

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Gnop, sa't dizze side earst hiet, kin ik nearne weromfine. Neffens my bestiet dat wurd net, en is it in misstavere foarm fan 'gnob', dat in algemiene oantsjutting is foar lyts dierte en in spesifikenien (neffens it Frysk Hânwurdboek) foar in famylje fan lytse michjes, Simuliidae (Hollânsk: kriebelmuggen). Dat is lykwols in oare famylje as dy't hjir beskreaun stiet. Neffens it Wurdboek fan de Fryske taal (hjirre) komt 'gnob' fan 'gnod', dat deselde woartel hat as it Nederlânske knut. Sadwaande haw ik dizze side earst mar provisoarysk de namme 'gnodden' jûn. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mrt 2017, 17.21 (CET)[beäntwurdzje]