Oerlis:Frânske Revolúsje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Ek Fryslân hat mei de Frânske revolúsje te krijen hawn. Yn 1795 waarden troch guon yn Fryslân de Fransken as befrijders ynhelle en kamen der hjir en dêr û.o. yn Ljouwert Franske garnizoenen. Guon Frânske wurden binne yn de tiid de Fryske taal ynslopen. Oer dat tiidrek kin neffens my ek wol wat skreaun wurde of kin dat better by de Frânske tiid ûnderbrocht wurde? --Geoffrey 22 jan 2008, 23.04 (CET)

It wienen de Patriotten dy't de Frânsen nei Nederlân hellen, en mei harren help de Bataafske Republyk stiften. Wat der foar en yn dy republyk barre kin grif better op dy twa siden. Dat de Frânsen net fuortgongen, en it Keninkryk Nederlân stiften ensfh, dat wie mear foar de Frânske Tiid.
Gâns Frânske wurden binne ek fia it Nederlânsk kaam; ieuwen fan Frânsk as taal fan de boppelaach en de diplomasy hie fral yn it westen fan Nederlân in protte ynfloed hân. Aliter 23 jan 2008, 02.09 (CET)