Oerlis:Ferwerter Feart

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Feart soe net nei opfeart ferwize moatte dochs? In opfeart is in apart soarte dold wetter. Drewes (oerlis) 10 sep 2017, 21.15 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Sa't ik it begryp, is in opfeart in sydkanaal fan in (troch)feart. Doarpen dy't net oan in feart of in grutter wetter (lykas in mar of sa) leine, hiene foarhinne allegear har eigen opfeart, want turf waard oer it wetter ferfierd (en oare dingen miskien ek wol, dat wit ik net). Dus ik leau dat in opfeart omskreaun wurde kin as in smellere en dearinnende feart. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 sep 2017, 21.24 (CEST)[beäntwurdzje]
P.S.: Ik haw de trochwizing fan feart feroare: der wurdt no trochwiisd nei kanaal (wetterwei).
Is better, tanke. Drewes (oerlis) 10 sep 2017, 21.47 (CEST)[beäntwurdzje]