Oerlis:Emmanuel Waegemans

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Drewes: Moatte hjir ek noch Belgyske kategoryen by of sille we Flaamsk en Waalsk krektsa behannelje as Ingelsk, Skotsk en Welsk, en dan de Belgyske kategoryen krekt as de Britske inkeld noch brûke as oerkoepeljende kategoryen? Wat fine jo? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 jan 2019, 23.11 (CET)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk: Sûnder de oerkoepeljenden asjebleaft. Drewes (oerlis) 25 jan 2019, 14.18 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes: Ik leau dat ik jo begryp, mar even sadat der hielendal gjin misferstân tusken ús bestean kin: jo hawwe dus it leafst dat by alle artikels oer Flaamske en Waalske persoanen de kategoryen begjinnend mei "Belgysk" fuortlitten wurde? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 jan 2019, 20.34 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Kloppet, oars is it myn eagen dûbeldop. Mar, dy oerkoepeljende katten Belgysk dy't wy al hawwe meie om my wol stean bleauwe. Drewes (oerlis) 26 jan 2019, 17.06 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes: No ja, dan fyn ik it moaier as it wat gelyk is, en ik leau net dat der sa'n hiel soad Belgyske biografyen binne, dat ik helje se wol even fuort. Teminsten, fansels ynsafier't we witte oft in Belgysk persoan Flaming of Waal is, want fral mei Brusselders rint dat wolris trochinoar hinne. Mar goed, by ûndúdlike gefallen kinne we se dan fansels noch altyd gewoan 'Belgysk dit-of-dat' neame. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jan 2019, 21.15 (CET)[beäntwurdzje]
P.S.: ik ha se even by del west, en ik haw no alle Belgyske kategoryen by de biografyen derút helle, behalven by ûndúdlike gefallen lykas Marcel Taton. En 'Belgysk militêr yn 'e Earste Wrâldkriich' haw ik ek stean litten. Ik leau net dat it sin hat om dy kategory op te spjalten yn in Flaamsk en in Waalsk diel. En 'Belgysk minister' haw ik stean litten om't it oars liket as giet it om in minister yn it Flaamske of Waalske regionale regear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jan 2019, 22.47 (CET)[beäntwurdzje]