Springe nei ynhâld

Oerlis:Deim

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 2 moannen lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp Gewei/hoarnen

Gewei/hoarnen

[boarne bewurkje]

@RomkeHoekstra: Jo skriuwe yn jo bewurkingskommentaar: "Noait witten dat in gewei yn it Frysk hoarnen is. Mar neffens de twa wurdboeken dy't ik ha is dat sa. Frysker jout trouwens gewei." Ik freegje my dochs ôf oft we hjir net fan "gewei" skriuwe moatte. Ja, in gewei is in foarm fan hoarnen, mar it is fansels wol in aparte foarm. "Gewoane" hoarnen sjogge der oars út en falle net ienris yn it jier ôf om dan op 'e nij oan te groeien. Neffens my wurket it gebrûk fan "hoarnen" yn dit ferbân betiizjend en docht it ek gjin rjocht oan 'e dúdlike, boppeneamde ferskillen. As it Frysk hjir gjin wurd foar hat, dan moatte we mar in wurd út it Nederlânsk liene (dat boppedat ek noch folslein ynboargere is yn it Frysk). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 mrt 2026, 22.51 (CET)Beäntwurdzje

@Ieneach fan 'e Esk: Ik fyn dat poerbêst en pas it oan. --RomkeHoekstra (oerlis) 4 mrt 2026, 08.04 (CET)Beäntwurdzje