Oerlis:Debby Petter

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik bin fan betinken dat dit artikel in heech Prive/RTL Boulevard-halte hat. Al dy sitaten bygelyks, kinne om my skrast wurde. Drewes (oerlis) 3 nov 2015, 18.25 (CET)[beäntwurdzje]

No, dat bin ik net mei jo iens, Drewes. As it no (lykas by Privé/RTL Boulevard) út de roddelmole kaam, dan joech ik jo gelyk. Mar dit binne Petter har eigen wurden, út in fraachpetear yn 'e Ljouwerter Krante nota bene. As it út har eigen mûle komt, dan is it gjin rabberij út 'e ien of oare dubieuze boarne, mar gewoan de wierheid (sa't sy dy sjocht), en dan kin dit soarte ynformaasje gewoan brûkt wurde, fyn ik.
Likegoed haw ik der no nochris even kritysk nei sjoen. Jo litte it hjir foarkomme as binne it allegear sitaten, mar yn wurklikheid binne it der mar trije. It earste, oer Petter en Van 't Hek by Nar, haw ik tafoege om't ik it grappich fûn. It twadde, oer hoe't Debber hjitfolge waard troch Heineken, haw ik derby set om yn Petter har eigen wurden oan te jaan wat der no krekt foarfoel, sadat de lêzer sels bepale kin oft Freddy H. oer de skreef gien is, en ik him as skriuwer fan dit artikel net hoech te beskuldigjen fan stalking (dêr't ik him eins skuldich oan fyn, mar dat is in persoanlike miening). It trêde sitaat, oer Maarten Spanjer, foeget eins neat ta, dat by neier ynsjen kin dat der wol út. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2015, 18.45 (CET)[beäntwurdzje]