Oerlis:De Hûn fan de Baskervilles
Nij mêdAppearance
(Trochferwiisd fan Oerlis:De Hûn fan 'e Baskervilles)
Lêste reäksje: 10 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp 'e?
'e?
[boarne bewurkje]Wy hawwe no "De Hûn fan 'e Baskervilles", mar sels sizze wy al dat de Fryske ferzje De Houn fan 'e Baskervilles. Ik kin dêr net in formele beskriuwing fan fine, mar De Houn fan DE Baskervilles is der al. Hokfoar titel, en wêrom? Mysha (oerlis) 22 jan 2025, 12.03 (CET)
- @Mysha: Nee, nee, der stiet dat de Fryske oersetting De Houn fan 'e Baskervilles hjit, mei apostrof-E. Dêrom stiet dat ek sa yn 'e titel fan it artikel. Ik haw lykwols de ferâldere stavering fan Houn oanpast ta de hjoeddeistige stavering Hûn. Dat liket my net mear as ridlik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 jan 2025, 21.42 (CET)
- Ik wit net wat der no wer ferkeard is: Ik sis dat it ienichste boek wat ik fine kin De Houn fan DE Baskervilles is, sa fier ik sjen kin. Ik wie net goed justertejûn, dat ik haw net neisjoen at ik it sels haw, mar alle boeken dy't te keap binne, binne mei "... DE ...".
- Dat ferhaal fan dy werstavering is wat oars, en ik wit net krekt wat wy dêr mei moatte. Ik soe sizze dat wy allinich de boeken ûnder de Fryske titel opnimme at dy titel der wier is: Dat jout de idee dat wat wy opnimme wier dỳ ferzje is. Fansels kinne wy synonimen meitsje dat oar staverings ek fûn wurde. Mysha (oerlis) 23 jan 2025, 14.27 (CET)
- Nee, dêr binne jo mis mei. De titel fan 'e oersetting fan Inne de Jong dy't yn 1960 by de KFFB útkommen is, wie De Houn fan 'e Baskervilles, mei apostrof-E. Dat haw ik net betocht, sa wie it gewoan. Wat de werstavering oangiet: Houn wurdt al sûnt 1982 net mear sa skreaun, dat dy stavering liek my net geskikt foar yn 'e titel fan in artikel. Yn 'e rinnende tekst fan it artikel haw ik Houn wol yn 'e âlde stavering stean litten. Sa haw ik dat doe oplost en dy oplossing liket my noch hieltyd de bêste ta. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jan 2025, 21.12 (CET)
- Ik moat dit wykein mar efkens sjen; ik seach it sa fluch net, mar ik it wier net haw, moat ik der mar ien fan keapje. Tenei mear. Mysha (oerlis)
- Ach, no hie ik it boek; ik tocht ek al dat ik soks hawwe moast. Dat no soe ik it meinimme en hjir skriuwe wast der krekt stiet, mar no haw il it thús litten. Moarn! Mysha (oerlis)
- Sa, no haw ik it boek hjir. It hjit De houn fan de Baskervilles (Strikt naam alles yn grutte letters, mar ik nim oan dat wy allinnich ien grutte letter foar de titel en ien foar de namme dwaan sille). Dat ik soe sizze dat de side op De houn fan de Baskervilles komt, om't dat de wier de namme is, mar in synonym foar De hûn fan 'e Baskervilles, at dat is hoe't wy it no skriuwe soenen. En hoe ek komt dan de oare ferzje fan de namme werom yn de ynlieding fan de side. Mysha (oerlis)
- Stiet der op it boek echt de en net 'e mei in apostrof? Want dat soe ik wol hiele apart fine, yn acht nommen dat it boek op 'e webside fan 'e útjouwer KFFB (en oeral oars op it ynternet) skreaun wurdt mei 'e.
- Wat betreft jo foarstel om 'e titel te feroarjen nei in ferâldere stavering: dêr bin ik it net mei iens. Ik fyn, we moatte foar de titels fan Wikipedy-artikels de hjoeddeistige stavering brûke, oars bringe wy de minsken op 'e doele. Dan miene lêzers dy't net folle fan 'e Fryske stavering ôfwitte dat se sa'n wurd no noch sa skriuwe moatte. Ik haw no op twa plakken, yn 'e ynlieding en by de paragraaf oer de Fryske oersetting, útlis tafoege oer it ferskil yn stavering tusken "hûn" en "houn". Sa moat dat foar eltsenien wol dúdlik wêze, liket my. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 feb 2025, 14.27 (CET)
- Ja, der stie wier "de" mei in d. As ik der om tink, sil ik it moarn nochris meinimme. Dat, as jo der mear oer freegje folle; dan haw ik it der dan by foar alle fragen oer wat it tredde wurd op site 100 is, ensafourthinne. Mar ik nim oan dat ik my juster net fersind haw. Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 27 feb 2025, 11.30 (CET)
- @Mysha: Nee, nee, dat hoecht net. As jo sizze dat dat sa is, dan moatte se har op 'e webside fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek ferskreaun hawwe. Hiel apart. Dan meitsje ik der 'de' fan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 feb 2025, 15.48 (CET)
- Ik moat dit wykein mar efkens sjen; ik seach it sa fluch net, mar ik it wier net haw, moat ik der mar ien fan keapje. Tenei mear. Mysha (oerlis)
- Nee, dêr binne jo mis mei. De titel fan 'e oersetting fan Inne de Jong dy't yn 1960 by de KFFB útkommen is, wie De Houn fan 'e Baskervilles, mei apostrof-E. Dat haw ik net betocht, sa wie it gewoan. Wat de werstavering oangiet: Houn wurdt al sûnt 1982 net mear sa skreaun, dat dy stavering liek my net geskikt foar yn 'e titel fan in artikel. Yn 'e rinnende tekst fan it artikel haw ik Houn wol yn 'e âlde stavering stean litten. Sa haw ik dat doe oplost en dy oplossing liket my noch hieltyd de bêste ta. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jan 2025, 21.12 (CET)