Oerlis:C.S. Lewis

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Goeie. Witte jo oft der Fryske oersettingen fan Lewis syn wurk binne? Drewes (oerlis) 22 des 2017, 19.15 (CET)[beäntwurdzje]

@Drewes: Goeijûn. In goeie fraach. Ik wist wol dat de Kroniken fan Narnia net yn it Frysk oerset wiene, mar fierder... Foarhinne koene je foar soks moai yn 'e digitale katalogus fan Tresoar te rie, mar dy hawwe se om de iene of oare ûnbegryplike reden út 'e loft helle. Ik haw ris wat oan it googlejen west, en ik haw dit fûn: De Kaai ta it Geheim, útjûn yn 2009, en oerset troch in IJbele Kempenaar. Neffens de bygeande tekst moat dat in bondele oersetting wêze fan Lewis syn Broadcast Talks út 1942 en syn Christian Behaviour út 1943. Neffens de Ingelske Wikipedy binne it transkripten fan teologyske radiopraatsjes. Sis mar essays, tink. Dat is alles wat ik fine koe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 des 2017, 23.12 (CET)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk: Fan my kinne dy - oerstallige - kategoryen Britsk no wol fuort. Drewes (oerlis) 28 des 2017, 18.37 (CET)[beäntwurdzje]

@Drewes: Asjobleaft. Fuort binne se. Dan moatte se der eins by alle oare Britske persoanen ek út... No ja, letter mar ris sjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 des 2017, 18.46 (CET)[beäntwurdzje]