Oerlis:Bridge (kaartspul)
Nij mêden?
[boarne bewurkje]Wy sitte mei twa saken mei -en: Hawwe wy klaverjasse. of klaverjassen, ensafh? En hawwe wy skop en hert as skoppen en herten? Mysha (oerlis) 26 jan 2026, 12.33 (CET)
- Jo komme op ien fan de lestichste dingen fan it Frysk, ntl. it brûken fan in -n by de ynfinityf fan tiidwurden. Dat is namste lestiger omdat it systeem yn it Hollânsk essinsjeel oars is. Popkema behannelet dat yn syn grammatika út 2006 op side 194 en 220.
- Dêr kinne je út lêze dat de sin 'Smoke is net sûn' ek wêze kin 'Smoken is net sûn'. Myn gefoel kiest foar it earste. Dat komt tink ik omdat de -n foarm de ynfinityf dúdlik ta substantyf makket, in nammewurd, in statysk wurd. 'Smoke' fielt mear oan as in tiidwurd, dat wol sizze 'aktiviteit' (ek al is it formeel sjoen ek in substantyf). Dat blykt fansels hielendal út de sin 'Syn smoken hat him de dea ynjage.' Sagau't der in bepalend wurd as 'syn' foar komt, moat smoke wol mei in -n skreaun wurde.
- Dat, ik woe yn dizze paragraaf graach 'klaverjasse' hâlde en allyksa 'hertejeie'. Deselde oerwagings jilde ek foar oare plakken dêr't dizze kwestje spilet, bygelyks yn kopkes boppe paragrafen lykas 'biede' en 'diele'. Yn sokke gefallen stiet it tiidwurd meastal allinne, en dus: gjin -n brûke. Top8 (oerlis) 13 feb 2026, 12.37 (CET)
Je en we
[boarne bewurkje]Nee, dat sjoch ik oars. "We" binne wy net, om't de Wikipedy net in persoan is. Foar "je" is it neffens my net folle oars, mar ja: Frysk is net myn memmetaal. Mar ik bliuw derby dat "de spiler" beskreaun wurde kin mei "De spiler". Mysha (oerlis) 2 feb 2026, 09.24 (CET)
- Dankewol! Miskien haw ik te rigûreus west, mar ik wit it net. 'Men' yn it Frysk is minder ûnpersoanlik as 'men' yn it Hollânsk. It is mear as it Frânske 'on': 'on va au cinema' is net 'men gaat naar de bioscoop' mar 'we gaan naar de bioscoop'. Sa is it ek mei it Frysk: 'men docht jins bêst' is sawat soks as 'ik doch myn bêst' en yn alle gefallen 'je dogge (yn it algemien) jins bêst'. De sin 'Men wordt verzocht door te lopen' kin dus net oerset wurde mei 'Men wurdt fersocht om troch te rinnen.' Dat allegear om it ferskil tusken 'men' yn de twa talen yn byld te bringen. Ik sil it hiele stik letter nochris goed neilêze op al dy nuânses. Top8 (oerlis) 13 feb 2026, 12.53 (CET)
Wanten
[boarne bewurkje]It is net maklik om te kaarten mei wanten. "Om't" is om my better. Mysha (oerlis) 9 feb 2026, 09.00 (CET)
- Dat argumint hâldt gjin stân. Want is in lykskikkend bynwurd en om't in ûnderskikkend. Troch hjir want te brûken is de sin makliker lêsber. Top8 (oerlis) 13 feb 2026, 12.17 (CET)
Struktuer
[boarne bewurkje]@Top8, @Drewes: Ik haw de idee dat mei 20 haadseksjes, dizze side wat plat is. Wolle wy ûndersekjes hawwe (mei ===)? Of wie it wat en meitsje in side apart oan foar Bridge yn Fryslân of soks? En, nee, ik fyn net dat wy tefolle noaten hienen; dy oersettings wienen mei sin yn de noaten dat dy net yn it paad stienen. Mar at immen in ûnderseksje === Terminology === hawwe wol, is my dat om ek goed. Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 13 feb 2026, 10.15 (CET)
- Jo hawwe gelyk. Ik woe de paragrafen net te lang wurde litte mar it wurdt mei alle oanfollingen no wol plat. Ik sil nei ûnderseksjes sjen. Wat dy oersettingen oangiet, it like my dat de útlis fan bekende Ingelske wurden as 'down' en 'fit' in bytsje is as it yntraapjen fan iepen doarren (excusez les mots). Mar as jo se der perfoarst yn ha wolle, my bêst. Top8 (oerlis) 13 feb 2026, 12.14 (CET)