Oerlis:Blaubúkrôlder
Nij mêdAppearance
@RomkeHoekstra en Ruurd Jorritsma: "Bûk"? Sille we hjir mar net "blaubúk-" fan meitsje? Ik lês yn it wurdboek dat "bûk" wol geef Frysk is, mar ik ken net ien dy't it sa útsprekt. Of is dat Wâldfrysk, Romke? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 jan 2026, 00.47 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk en Ruurd Jorritsma: Nee, wie sizze hjir gjin bûk mar búk. It stie by rôlderfûgels sa stavere, mar Frysker joech njonken búk ek bûk en ha oannommen dat it klaaifrysk is om 't jimme dêr ek tûf/toef sizze. Dus ha ik it dizze kear mar sa oernommen en der in trochferwizing by makke. Gjin idee hoe't it op 'e Aviary-list stiet, mar faaks kin Ruurd it noch meinimme foar in oanpassing?--RomkeHoekstra (oerlis) 22 jan 2026, 08.28 (CET)
- @RomkeHoekstra@Ieneach fan 'e Esk. Yn 'e earste ferzje fan 'e rôlders (no rôlderfûgels) haw ik "blaubûkrôlder" ynfierd. En op ferskate oare plakken yn 'e wikipedy is it by my -bûk- wurden. Dit wie basearre op 'e stavering yn it NL-FY wurdboek (Zantema, 1985), dat de foarm -búk- net kende. Yn online wurdboeken sjoch ik no dat sawol búk as bûk korrekt binne, de lêste benammen yn skrift. Avionary brûkt oeral -bûk-. Sis it mar: búk of bûk? Ruurd Jorritsma (oerlis) 22 jan 2026, 11.19 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk en Ruurd Jorritsma: Ik leau net dat wy hjir in foarkar foar dialekten ha, beide is goed. Wy ha ek wolris diskusje hân oer túf of toef en ik fûn toef hiel nuver, mar dat is neffens Ieneach wer gewoan op 'e klaai. Ik skriuw sels altiten búk, lykas readbúkspjocht of swartbúkstirns. Wat sizze jo trouwens sels Ruurd?--RomkeHoekstra (oerlis) 22 jan 2026, 15.02 (CET)
- @RomkeHoekstra en Ruurd Jorritsma: "Bûk" is yn elts gefal net Klaaifrysk, dat kin ik jim op in bryfke jaan. We moatte hjir yndie net dialekten boppe oare dialekten foarlûke, mar as it gjin Klaaifrysk is en gjin Wâldfrysk, en it is ek gjin Súdwesthoeksk, want dêr brûke se folle mear ú's as û's, dan hat dit tink neat mei dialekten te krijen, want dan soe ik net witte wêr't "bûk" al brûkt wurdt. Ik fermoedzje no dat "bûk" wat âlderwetsk taalgebrûk is. Yn elts gefal jout it Frysk Hânwurdboek beide foarmen, dus wat my oangiet meitsje wy der standert búk fan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jan 2026, 02.32 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk en Ruurd Jorritsma: Ik leau net dat wy hjir in foarkar foar dialekten ha, beide is goed. Wy ha ek wolris diskusje hân oer túf of toef en ik fûn toef hiel nuver, mar dat is neffens Ieneach wer gewoan op 'e klaai. Ik skriuw sels altiten búk, lykas readbúkspjocht of swartbúkstirns. Wat sizze jo trouwens sels Ruurd?--RomkeHoekstra (oerlis) 22 jan 2026, 15.02 (CET)
- @RomkeHoekstra@Ieneach fan 'e Esk. Yn 'e earste ferzje fan 'e rôlders (no rôlderfûgels) haw ik "blaubûkrôlder" ynfierd. En op ferskate oare plakken yn 'e wikipedy is it by my -bûk- wurden. Dit wie basearre op 'e stavering yn it NL-FY wurdboek (Zantema, 1985), dat de foarm -búk- net kende. Yn online wurdboeken sjoch ik no dat sawol búk as bûk korrekt binne, de lêste benammen yn skrift. Avionary brûkt oeral -bûk-. Sis it mar: búk of bûk? Ruurd Jorritsma (oerlis) 22 jan 2026, 11.19 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk en Ruurd Jorritsma: Ik ha de û feroare yn ú. --RomkeHoekstra (oerlis) 23 jan 2026, 10.06 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk@RomkeHoekstra. Moai, dus it sil búk wêze. Ik sil it oeral yn Avionary feroarje. En wêr't ik it tsjinkom, ek yn 'e wikipedy. Ruurd Jorritsma (oerlis) 23 jan 2026, 16.25 (CET)