Oerlis:Alde Leie

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Der wurdt op dit stuit oan wurke om de namme fan Aldeleie ta Alde Leie te ferbetterjen, dat it soe goed wêze om soks ek yn de Wikipedy te dwaan.Yn 'e Wâlden 13 okt 2007, 10.45 (CEST)

Om't plaknammen yn it ferline net wetlik fêststeld waarden, binnen der mar in pear Fryske plaknammen dy't wetlik fêstlizze. It regear wurket ommers mei de Nederlânske nammen. De TWF hopet by de kommende ferfrysking de namme Alde Leie, sa't de ynwenners him brûke, fêst te lizzen dan is ek it misbegryp út de wrâld.Yn 'e Wâlden 13 okt 2007, 10.54 (CEST)

Bêste Aliter,[boarne bewurkje]

jo moatte mei al jo goede bedoelings net yn in goede tekst omgrieme. De ynformaasje dy't ik skreaun hie is feitlik krekt en taalflaters mei wat my oanbelanget ferbettere wurde mar jo fergriemen fan myn tekst hat gjin doel.Yn 'e Wâlden 15 okt 2007, 09.16 (CEST)

"Myn tekst" is der net op Wikipedia. Mar ik begryp jo freegje nei it wêrom fan myn feroarings:
Ut kontakten tusken Alde Leie en de Topografyske Wurkgroep Fryslân hat bliken dien, 
Ut de side docht net bliken wêrom it relevant is dat it no krekt út dit kontakt fuortkaam is. Dit wie faaks al relevant op de TWF-side.
De foute namme 
Dat de namme fout is, docht noch net bliken út de tekst; allinnich dat de ynwenners dat sa fine.
Aldeleie komme se noch mar in jier as tweintich tsjin. 
Oanheltekens, en eins giet it der net om of dy ynwenners dy namme tsjinkomme, mar of dy noch mar sa koart brûkt wurdt, mar dat hie ik noch mar stean litten.
Soks hat te krijen mei it ferkeard opnimmen yn ferskate listen. 
"Ferkeard" docht ek noch net út de tekst bliken.
It Frysk Wurdboek 1984 fan de Fryske Akademy, de Standertlist 1997 fan de TWF 
In list dy mar tsien hjir âld is hat grif net de oarsaak west fan in tweintich jier âld ferskynsel.
en mooglik oare listen jouwe de namme Aldeleie. 
Der is fan alles mûglik. At net bekend is dat der mear listen binne dy't mei de oarsaak west hawwe, dan hat it gjin doel dy derby te setten.
It wie yn it Frysk oangeande plaknammen gewoan om in adjektyf as âlde, nije en hege as foarheaksel oan de namme te heakjen. 
At de Steatestavering hjir noch oan docht, dan is it nei gedachten hieltiid noch gewoan.
By de Steatestavering fan de santiger jierren
De Steatestavering is fan 1980, dat dat kinne wy gewoan sa opnimme.
is der by plaknammen net ôfwykt fan de eardere gewoante. 
At der by wat oars al ôfwykt is, is hjir net wichtich, dat dy neehjitting fan it tsjinoerstelde hat hjir gjin doel.
Mar der wienen wol útsûnderings lykas Alde Ouwer, Nij Beets 
Dy útsûnderings binne der noch.
en... 
Sa'n sesuer had gjin doel yn in ensyklopedy, om't dy net besiket spanning op te bouwen.
Alde Leie. 
Nee, Aldeleije hie faaks sa'n útsûndering wêze moatten, mar wie dat yn de jierren tachtich no krekt net. Of it earder in útsûndering wie witte wy net; of der hoe ek in Fryske namme wie docht noch net bliken út de tekst.
De lêste is ferkeard yn it wurdboek kaam. 
Dit is hoe't de "Alde Leije"-oanhingers it sjogge. It stânpunt fan de "Aldelije"-oanhing ûntbrekt hjir. Lykas ik yn de gearfetting oanjûn haw, haw ik it objektyf makke, wat by ien stânpunt allinnich kin troch in "hja fine dat"-struktuer.
Jo 
Dy hawwe wy net yn de Wikipedia. De lêzer wurdt op de Ensyklopedysiden ornaris net oantsjut; foar it oerbringen fan ynformaasje is dêr ek gjin ferlet fan.
dogge de ynwenners in grutte wille en skriuw Alde Leie. 
Dit is grif in feit, mar it apart nochris op te nimmen nei't al sein is hoe't de ynwenners der oer tinke, docht oan as stokelderij. (Oanheltekens)
Mei dat al wol ik net sizze dat it min skreaun wie. It wie tige goed skreaun, en ik hie it graach sa yn de krante sjen wollen. De lju fan de krante garje ynformaasje en jouwe dêr dan har fisy op. Dit stikje hie dêr goed ynpast.
Mar op de Wikipedy hawwe wy de lúkse fan dy fisy net. Yn stee dêrfan moatte wy besykje de ynformaasje dy't wy garje sa folslein en dúdlik mûglik oan te bieden, dat de lêzer sels syn fisy foarmje kin. Oan de oare kant hawwe wy de lúkse dat wy alle ynformaasje jouwe kinne, en fansels ek moatte, dêr't de krante him beheine moat.
Dat ik hoopje, jo hawwe noch mear ynformaasje oer dit punt, dêr't wy dúdlik mei meitsje kinne wat in stânpunt is, en wat in feit is. Benammen soenen wy ynformaasje fine moatte oer:
  • At der foar dy tiid al "Alde Leie" skreaun waard.
  • At de FA mei sin "Aldelije" skreaun hat, en wat dan de motivaasje wie.
  • Wa de autoriteit is foar Fryske plaknammen, wêr't de gemeente dy net brûkt.
  • Of de skiednis hjir fan belang is, of dat in namme feroare wurde moat at de ynwenners dat wolle.
Ik begryp jo sitte goed yn dy matearje, dat wy soenen hjir wol útkomme kinne moatte. Aliter 16 okt 2007, 05.08 (CEST)
Amen.Yn 'e Wâlden 16 okt 2007, 10.55 (CEST)

Bêste Aliter, ik hie altiten in swak foar jo wurk foar dizze Wikipedia, mar ik tink dat jo better by de Winkler Prins wurkje kinne. Dizze fragestellerij komt fiersten te let en is benammen bedoeld om jo gesicht te rêden. Sa't ik al sei, amen.Yn 'e Wâlden 16 okt 2007, 10.55 (CEST)


Ik haw hjir ek al wat diskusje mei Yn 'e Wâlden oer hân. Ik miende yn earsten dat Aliter de ekstra ynfo fan Yn 'e Walden fuorthelle hie, dat like my wat bot. No ik it nochris neisjoch yn de skiednis dan sjoch ik dat Aliter it gewoan wat oars ferwurde hat sa at it wat better yn in ensyklopedy past (neffens my), en it stikje oer de namme wat nei ûnder op de side set.
Yn 'e Walden hat dit wer tebekset nei syn ferzje en giet dêrnei op in tal siden himsels bekleien oer it gedrach fan Aliter. No kin ik my yntinke dat hy ek net sjoen hat (krekt as my de earste kear oerkaam) wat Aliter krekt dien hie. Dan moat je no dochs ta de konklúzje komme dat it in misbegryp wie en dat Yn 'e Walden syn lêste reaksje wat sneu oerkomt.
It kin fansels ek wêze dat Yn 'e Walden presys sjoen hat wat Aliter dien hat mar mient dat as jo hjir in stikje tekst delsette in oar dêr net mear oan komme moat. Sa wurket it hjir fansels net. At siden útwreide wurde moat sa no en dan ek de struktuer wat oanpast wurde om der in logysk gehiel en in lêzensweardich stikje fan te hâlden.
Koartsein ik tink dat de reaksjes fan Yn 'e Wâlden de wikipedy hjir net foarút helpe en ik gien dêr mar fanút dat dit komt omdat hie net sjoen hat wat Aliter krekt dien hie. Theun 17 okt 2007, 17.53 (CEST)
Wy kinne fansels noch in skoft miere oer wat earst wie, de hin of it aai. Aliter hie soks tefoaren komme kind troch te sizzen: Jo entûsjasme hat laat ta in stikje dat eins wat saakliker moat. Soks komt altiten aardiger oer as it 'rücksichtlos' ferbouwen fan stikjes en wêzenlike ynformaasje fuort te litten. Dan hie er krekt itselde berikt as no, want fansels sjoch ik no ek wol dat it saakliker kinnen hie. Troch myn lobbywurk (TWF) haw ik leard mei in soad minsken te wurkjen, mar ik haw my nea ferlege ta sjerpstriken. Dus as de nestor fan de Wikipedy my te skoalmastereftich wurdt, sil ik sa út en troch wier wolris in piketpealtsje slaan. Ik haw hast alle jierren fan it bestean fan de Fryske Wikipedia folge. Der hawwe alle jierren diskusjes west "dy't de Wikipedia net foarút holpen", om't se der op út rûnen dat immen mei de lilke kop fuortrûn. Dat lêste is net myn gewoante. Ik sil de kommende tiid it stikje Alde Leie of Aldeleie wat saakliker meitsje.Yn 'e Wâlden 19 okt 2007, 16.47 (CEST)
It soe in goed ding wêze as ditsoarte diskusjes der net wiene. Dat se der al binne jout allinnich oan dat de Wikipedy noch net folwoeksen is. By in útdijende wiky sil it net oars wêze kinne as dat artikels troch wa dan ek oanpast wurde sûnder hokker oankundiging ek. Dat elk dat weromdraaie kin is ek dúdlik. En ek elk sil dêr op syn eigen wize mei omgean. Dat it no noch kontrolearber is, sit him yn de omfang fan de wiky. It is te hoopjen dat dêr mei gauwens in ein oan komt. Want ditsoarte diskusjes trúnje - tinkt my - net oan ta meidwaan (en helpe dus yndied de wiky net foarút). It soe better wêze tiid (en dêrmei enerzjy) te stekken yn it besykjen om de wiky ûnder it folk (en dan wol gâns breder as de bewegingsrûnte) te bringen. It folk (wat in denigrearjend wurd) wol wol Frysk - ik bin alhiel net pessimistysk - mar de striid net. Doch no mar gewoan en doch krekt as wie dit al in folwoeksen wikipedy. Allinnich dan kin in sniebaleffekt ûntstean, en dêr is o sa'n ferlet fan!--romke fan tomke 19 okt 2007, 19.58 (CEST)
Hie ik, mien ik koartlyn in stikje oer miggefangen lêzen (grapke). Boppedat mien ik te witten dat jo alle dagen jo brea fertsjinje yn in ynstitút dat der kaam is en breed droegen wurdt troch Fryske Bewegers. Dan haw ik it oer alle 'folk' dat him ynspant foar it Frysk. Oft se no in Fryske Wikipedy beginne, in boek skriuwe of boekekroaders binne, makket my eins net sa folle. Dan noch dit. It út de wei gean fan diskusje, striid sa't jo sizze, wurket op 'en doer ferlamjend en draacht net by ta in goede gearwurking op in podium dêr't nimmen de autoriteit is of hat. Yn 'e Wâlden 20 okt 2007, 10.57 (CEST) Oangeande it Frysk diel ik jo optimisme!