Oerjierske kowetonge
| Oerjierske Kowetonge | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pentaglottis sempervirens | ||||||||||||
| Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
De oerjierske kowetonge ek wol griene kowetonge (Pentaglottis sempervirens, synonym: Anchusa sempervirens L.) wurdt yn Nederlân rekkene ta de stinzeplanten. Hy liket sa tusken 1900 en 1924 yn Nederlân kaam te wêzen en goed yn it stinzemiljeu te passen. [1] Mar al yn 1594 wurdt er hjir as sierplant beskreaun. [2] De plant is benammen lânseigen op it Ibearysk Skiereilân. It begryp oerjierrich hat gauris in negatyf lûd, mar krekt yn de floara net. Dêr betsjut it dat in plant him yn dy kontreien yn 'e winter hanthavenje kin.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stâle en it blêd binne behierre. It blêd dat altiten grien bliuwt (Sempervirens), fielt oan as in kowetonge of lykas de noch Fryskere namme hawwe wol in oksebyt. De rozetblêden binne spikkele mei wite flekjes, mar net sa folle as by it longkrûd. De strûs mei lytse blauwe blomkes sit oan in keal stâltsje dat út de blêdhoeke wei komt. Pentaglottis betsjut "mei fiif tongen" en dan giet it oer de fiif tsjelkblêden dy't nei bûten steane. De plant makket in tsjokke pinwoartel oan, dy't wol brûkt wurdt om der pearse of bordeauxreade kleurstof út te heljen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plant wurdt troch fûgels dy't de nútsjes/siedsjes meinimme, ferspraat. Op 'e koartere ôfstân is der fersprieding troch eamelders dy't gek binne op 'e nútsjes, om't der in soarte fan suertsje foar harren oan sit. It is de iennige Pentaglottis soarte dy't yn Nederlân yn it wyld foarkomt.
-
plant
-
blêd
-
blom
- Plantesoarte
- Rûchblêd
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Portegal
- Lânseigen floara yn Spanje
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Tsjechje
- Eksoat yn Slowakije
- Eksoat yn Ingelân
- Eksoat yn Skotlân
- Eksoat yn Wales
- Eksoat yn Noard-Ierlân
- Eksoat yn Ierlân
- Eksoat yn Itaalje