Springe nei ynhâld

Oerdoasis

Ut Wikipedy

In oerdoasis bart wannear't in gemyske substânsje (sa as in drug) ynnaam wurdt yn hoemannichten en/of konsintraasjes dy't grut genôch binne om de homeostase fan in organisme te fersteuren, wat earnstige sykte of de dea feroarsaket. Yn essinsje is it in soarte fan fergiftiging.

By drugsgebrûk komme oerdoases faak foar meidat de brûker it middel ôfwend is, bygelyks troch ôf te kicken. In oerdoasis kin him ek foardwaan as de brûkte drug hiel bot suverder is as de fersniene fariant dêr't de brûker oan wend is. Fierder kin it komme meidat de brûker op in oar plak is as dêr't dy gewoanwei de doasis ta him of har nimt. Dat hat te krijen mei de tolerânsje dy't dy foar de drug opboud hat.

Dêrneist komt in oerdoasis foar by boltsjeslokkers, as yn de mage of term in kokaïne- of heroïneboltsje knapt.

Troch oerdosearring fan alkohol en oare ferdôvjende middels sa as kokaïne en heroïne kin de prikel fan it sykheljen sa bot ûnderdrukt wurde dat de persoan dêr't it om giet net mear spontaan sykhellet. Faak binne minsken dy't sa'n azemdepresje oerkomt folslein bûten bewustwêzen. Sa hawwe se net de kâns om sels aktyf troch te gean mei sykheljen en help te sykjen. Der wurdt oannaam dat azemdepresje in wichtige oarsaak is fan it ferstjerren fan ferslaafden, omdat se faak net of net op 'e tiid fûn wurde.

It genêsmiddel Naloxon is in opioïde antagonist en wurket as antidotum tsjin in oerdoasis opioïde sa as heroïne of morfine.