Springe nei ynhâld

Fiskerij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerbefisking)
In fiskersboat.

De fiskerij is it op organisearre wize en faak mei grut materieel fiskjen nei wetterdieren en oare yn it wetter libjende organismen: net inkeld nei fisken, mar ek nei û.o. kreefteftigen, skaaldieren, inketfisken, stikelhûdigen, algen en wieren. De fangst fan sokke oare organismen is ornaris frij beheind yn ferliking mei de hoemannichte fisk dy't fongen wurdt. Dat nimt lykwols net wei dat de fangst fan beskate kreefteftigen (bgl. garnalen) en skaaldieren (bgl. moksels en oesters) yn ferskate klimaatsônes dochs in rol fan betsjutting spilet. Immen dy't yn 'e fiskerijsektor wurket, is in fisker. Fiskjen by wize fan rekreaasje, lykas angelfiskjen yn binnenwetters, wurdt yn 'e ekonomyske sin net ta de fiskerijsektor rekkene, ek al neamd men soks wol sportfiskerij. Oerbefisking is it tefolle fiskjen op in beskate soarte, dêr't in delgeande populaasjetrend mei feroarsake wurdt.

Soarten fiskerij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiskerij kin sawol op see as yn binnenwetters plakfine, mar de measte en grutskalichste fiskerij komt foar op see. Yn Jeropa wurdt benammen fiske op hjerring (Clupea harengus), kabbeljau (Gadus morhua), makriel (Scomber scombrus) en ferskate soarten platfisken, lykas tong (Solea solea), skol (Pleuronectes platessa) en bot (Platichthys flesus). Yn subtropyske en tropyske lannen wurdt ek in protte fiske op bgl. tonyn (Thunnus, ferskate soarten). De fangst fan haaien en roggen, dy't dêr slim ûnder te lijen hawwe, is kontroversjeel. De fangst fan walfiskeftigen wurdt ornaris net fiskerij neamd, mar walfiskfeart, dat dan wol wer as diel fan 'e fiskerijsektor sjoen wurdt. Ek op 'e walfiskfeart is foar it meastepart it near lein. In bysûndere en hieltyd wichtiger foarm fan fiskerij is it troch de minske kweken fan fisk yn koaien yn iepen see of yn fivers. Soks wurdt fiskkwekerij of akwakultuer neamd.

In fiskkotter yn de haven fan Stellendam.

It direkte doel fan 'e fiskerij is om yn it libbensûnderhâld fan 'e fiskers te foarsjen. Dat kin op twa manearen dien wurde: troch de fongen fisk sels op te iten, wat tsjintwurdich inkeld noch foarkomt by fiskerij op lytse skaal yn ûntwikkelingslannen, of troch de fisk te ferkeapjen foar konsumpsje troch oare minsken, wat de wenstige gong fan saken yn 'e Westerske wrâld is. Unytbere fangst wurdt ferkocht as produksjegrûnstof foar û.o. lym.

Yn relatyf in soad lannen en territoaria is de fiskerij in wichtige boarne fan ynkomsten. De sektor leveret trochinoar likernôch 18% fan 'e dierlike aaiwytkonsumpsje fan 'e minske, mar yn guon ûntwikkelingslannen kin dat persintaazje opinne ta mear as 30%. Yn 'e hiele wrâld wurken der yn 2010 500 miljoen minsken yn 'e fiskerij, de fiskkwekerij, de hannel yn fisk en de fiskferwurkjende yndustry. Fan dy lju wenne 77% yn Aazje, 16% yn Afrika, 5% yn Latynsk-Amearika en it Karibysk Gebiet en minder as 2% yn 'e Westerske wrâld. Yn Nederlân draacht de totale fiskerijsektor (de eigentlike fiskerij plus de hannel yn 'e fongen fisk en de fiskferwurkjende yndustry) foar likernôch 0,2% by oan it Bruto Nasjonaal Produkt. Wrâldwiid waard er yn 2014 foar $260 miljard yn 't jier mei de fiskerij fertsjinne.

In fisker yn 'e Yndiaaske dielstaat Kerala.

As der op in beskate soarte fisk safolle fiske wurdt dat de populaasje belunet om't de fisken flugger fongen wurde as dat se har fuortplantsje kinne, sprekt men fan oerbefisking. Dat is in negative ûntwikkeling, dy't, as der neat oan dien wurdt, einigje sil mei it útstjerren fan 'e oangeande fiskesoarte. Regearings (bgl. dy fan 'e lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny) besykje dat foar te kommen troch de ynfiering fan fiskerijbeheinende maatregels. Dat kin troch de ynstelling fan fiskreservaten, wat betsjut dat yn beskate dielen fan 'e see net mear fiske wurde mei, of troch de ynfiering fan fiskkwoata, wêrby't eltse fisker jiers noch mar in beheinde hoemannichte fan 'e bedrige fisk fange mei.

Troch de grutskaligens dy't de fiskerij sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw krigen hat, is oerbefisking tsjintwurdich in earnstich probleem yn in soad seeën wrâldwiid. Fisken wurde net inkeld fongen as se sels it doel fan 'e fiskerij binne; se kinne ek fongen wurde wannear't de fiskers eins in oare soarte fisk op it each hawwe. Yn dat gefal sprekt men fan byfangst. Ek dêr kin de fiskstân gâns fan te lijen hawwe. Beskate fangstmetoaden, bygelyks mei sleepnetten dy't oer de seeboaiem skuord wurde, rjochtsje ek op oare manearen in protte skea oan.

De fiskerij is yn te dielen op ferskate manearen:

In fiskersboat.

Fiskersplakken yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste tradisjonele fiskersplakken yn Nederlân binne: Breskens, Arnemuiden, Flissingen, Yerseke, Bruinisse, Toalen, Stellendam, Goedereede, Alddoarp, Skeveningen, Katwyk, De Helder, Aldeskild, De Ouwer, Urk, Harns en Sâltkamp. Wichtige fiskershavens binne fierders: IJmuiden, Colijnsplaat en Lauwerseach. Yn Fryslân wie it twillingdoarp Peazens-Moddergat fan âlds in wichtich fiskersplak. Ein juny, begjin july wurdt dêr elts jier noch altyd de Dei fan de Fiskerij holden. Ek Laaksum, oan 'e eardere Sudersee, wie foarhinne in fiskersdoarp.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.