Oekraynske flagge

De Oekraynske flagge waard yn 1918 oannaam: It binne twa lykweardige banen; de boppeste is blau en de ûnderste is giel. De flagge wurdt ynterpretearre as de blauwe loft (symbolisearret frede) oer de giele nôtfjilden (symboal foar wolfeart).
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens ien teory komme de kleuren fan 'e Varyags dy't de Kievske Rus foarmen, om't dy har oarsprong yn Sweden lei. De Sweedske flagge hat deselde kleuren. De teory kin lykwols net hurd makke wurde, om't dy steat bestie yn 'e Wytsingtiid en oant de midden fan' e 12e ieu: Lang foar de Sweedske flagge makke waard. De oerienkomst tusken dy twa flaggen moat tafal wêze.
In oare teory is dat de Roetenen (in etnyske minderheid yn it westen fan 'e Oekraïne) yn de 19e iuw in symboal fan in gouden liuw op in blau fjild hienen. Ut dy kombinaasje moat him dan de flagge mei twa banen foarme hawwe.
Skidenis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylst it lân diel útmakke fan 'e Sowjetuny, waard de Oekraynske flagge ferbean om't it nasjonalisme symbolisearre. De Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk hie in eigen flagge. De Oekraynske flagge waard yn 1992 wer oannommen.
De flaggedei fan Oekraïne is 23 augustus. Dy dei wurdt fierd sûnt 2004 fierd, as de Dei fan de Nasjonale Flagge fan Oekraïne.[1] Dy 24 july waard earder fierd as Nasjonale Flaggedei yn Kiev. De earste seremoniële hysing fan 'e giel-en-blauwe Oekraynske flagge yn 'e moderne tiid fûn plak op 24 july 1990 by de gemeenteried fan Kiev, twa jier foardat er offisjeel oannaam waard as de nasjonale flagge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |