Springe nei ynhâld

Oegstgeest

Ut Wikipedy
Oegsgeest
Mûne Oudenhof yn Oegstgeest
Mûne Oudenhof yn Oegstgeest
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
BoargemasterEmile Jaensch (VVD)
Stedsyndieling12 buerten
Sifers
Ynwennertal25.933 (1 jannewaris 2024[1]
Oerflak7,97 km² (7,31 km² lân, 0,66 km² wetter)
Befolkingsticht.3.564 ynw./km²
Hichte0 m
Oar
FerkearsierenA44
Postkoade2341–2343
Netnûmer071
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 0' NB 4° 28' EL
Offisjele webside
www.oegstgeest.nl
Kaart
Oegstgeest (Súd-Hollân)
Oegstgeest
Kaart
Mûne Oudenhof yn Oegstgeest
Gemeentekaart Oegstgeest

Oegstgeest is in plak en gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân en is in buorgemeente fan Leien. De gemeente hat 25.933 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 7,97 km². De kearn Oegstgeest is de iennige kearn yn 'e gemeente.

It part geest yn de namme ferwiist nei de geastgrûn, dêr't net in soad mear fan oerbleaun is om't dy yn 'e 17e iuw ôfgroeven waard foar de stedsútwreidings fan de stêd Leien.

De âldste oantroffen stavering, yn in kopij fan in guodlist fan 'e Utertske Sint-Martenstsjerke út 'e 10e iuw is "Osgeresggest". Dat wie in Fryske stavering fan 'e oarspronklike namme *Ansger-es-gaist. Yn it Frysk feroare /ans/ yn /ōs/; deslde lûdferskowing is te sjen fan *gans- nei goes. Letter begriepen de bewenners de namme net mear en assosiearren se dy mei oogst (rispinge) of oost (east) en febasteren him ta "Oegstgeest" en "Oostgeest". De oarspronklike betsjutting is dus: "ikker fan Osger op 'e geast".[2]

Yn de midsiuwen waard ek wol fan tsjerke fan Kerckwerve sprutsen, dêr't de Oegstgeester karspeltsjerke mei ornearre waard, en letter bekend as it Griene tsjerkje waard.

Oegstgeest leit yn ien fan 'e ierst bewenne parten fan it kustgebiet. De ierste spoaren fan bewenning binne, yn 1946 oantroffen yn in útrinner fan in strânwâl yn de Elsgeesterpolder, dêr't yn 'e 2e iuw n.Kr. in delsetting fêstige wie. Yn 2010 kamen studinten fan 'e argeology-fakulteit fan 'e Universiteit Leien de oerbliuwsels fan in brêge, dy't de twa Rynouwers tusken 500 en 700 n.Kr. mei-inoar ferbûn maotten hie, temjitte. [3]

It is net wis as it grûngebiet fan Oegstgeest ek dêrnei algeduerigen bewenning hân hie. Yn 'e 9e iuw stie op it plak fan it hjoeddeistige Griene tsjerkje in neffens de leginde troch Willibrord wijd tsjerkje. De oanwêzigens fan dat tsjerkje en fan eigendom fan 'e Sint-Martenstjerke fan Utert jouwe te tinken dat der foar dy tiid in frijwat tichte befolking yn de krite wie.

Fan 'e 11e oant de 14e iuw hat Oegstgeest in tiidrek fan foarútgong belibbe, dy't ûnderbrutsen waard doe't Leien as stêd opkaam. Troch it ûntjaan fan d eambachte-yndustry fan dy stêd en it warje fan bebouwing op in beskate ôfstân fan Leien waard Oegstgeest yn syn ûntjouwing behindere. Ut dys nuorje komme de kastielen Ald-Poelgeest en Endegeest. It yn 1863 ôfbrutsen kûlissekastiel Abspoel kaam fan 'e 15e iuw en wie in foarwurk fan 'e Abdij fan Egmond.

Oegstgeest yn 1867

De ambachtshearlikheden Oegstgeest en Poelgeest dy't yn 'e 10e iuw al neamd waarden, waarden yn 1399 ferienige, om't hja troch efterútbuorkjen fan 'e befolking har belesting oan 'e greve fan Hollân net mear opbringe koe. De grinzen fan Oegstgeest rûnen oant de 19e iuw oant de wâlen fan Leien ta. Yn 'e 19e en 20e iuw moast Oegsgesest hieltyd mear grûn oan 'e fluch úttynjende stêd Leien ôfstean.

Oegstgeest bestie oant de iere 20e iuw út ferskate losse kearnen: De Tsjerkebuorren (Kerkbuurt) of it Alde Doarp (by it Griene Tsjerkje), de Leienske Buert, ûnderferparte yn de Pen en de Punt, de Poelgeesterbuert of de Kwaak (by kastiel Ald-Poelgeest), de Mors (yn parten troch Leien anneksearre yn resp. 1896, 1920 en 1966) en de Bazar en de Rijsjes (sûnt 1966 by Rynsburch).

Tusken dy buerten yn wiene allinnich mar wat ferspraat lizzende huzen en pleatsen te finen. Nei 1900 waarden de tuskenlizzende gebieten beboud. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden ferskate nije wenwiken byboud. Yn 'e earste jierren fan 'e 21e iuw waard de nijste wyk Poelgeest boud, dy't tusken kastiel Ald-Poelgeest en de Leienske Merenwijk. Yn 2006 waard úteinset mei de bou fan de wyk Nieuw-Rhijngeest westlik fan de A44

Oegstgeest grinzget yn it noarden oan Warmond (gemeente Teylingen), yn it easten en suden oan Leien en yn it westen grinzget it doarp aan de Alde Ryn en Rynsburch (gemeente Katwyk).

De strjitnammebuorden yn Oegstgeest hawwe in giele tekst op in reade eftergrûn, wylst dy yn Leien in wite teskt op in blauwe eftergrûn hawwe, sa't yn it grinsgebet weromkenne wurdt yn hokker gemeenten ien him befynt.

Oegstgeest hat twa fuotbalklubs: FC Oegstgeest en ASC. By ASC wurdt ek cricket spile. FIKS is it pleastlike kuorbalteam. By LOHC wurdt hockey spile en de neie OLTC (oprjochte yn 1886) is de tennisklub fan 'e gemeente. Oegstgeest hat ien follybalklub, VCO.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen
  2. Reinsma, Riemer (19 april 2011). Namen op de kaart: oorsprong van geografische namen in Nederland en Vlaanderen. Atlas Contact, Utjouwerij, side 52. ISBN 9789045017945.
  3. Resten 1500 jaar oude brug gevonden op webside historiek.net. Publikaasjedatum: tiisdei, 25 maaie 2010 21:20
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
· · Berjocht bewurkje