Springe nei ynhâld

Ockingastins

Ut Wikipedy
Ockingastins
Ockingahûs
bouwurk
lokaasje
plakFrjentsjer
adresVoorstraat 74
bysûnderheden
type bouwurkstins, state
subtypestedsstins
boujierKlear yn de 15e iuw
sloopjier1887
boustylgoatysk
De toer fan Ockingastins ynboud yn it fragmintegebou fan it Ryksmuseum Amsterdam

.

De Ockingastins (of Okkingastins en Ockingahûs) wie in fan oarsprong midsiuwske stins oan de Voorstraat yn de stêd Frjentsjer. De stins wurdt foar it earst neamd yn 1536. Yn 1887 waard it pân sloopt om plak te meitsjen foar de nije lokaasje fan it Klaarkampster Weeshûs. Foar de Ockingastins oer stie oant 1892 it Hottingahûs.

De Ockingastins hie in L-foarmich grûnplan en bestie út twa ferdjippingen mei dêrûnder kelders. De stins wie frij heech en dêrtroch maklik te werkennen yn it stedssilhûet. Oan 'e eastkant stie in treptoer dêr't de haadyngong wie. As stedswente wie dit type hûs yn de 16e iuw yn trek by de adel. Oare foarbylden binne: de Martenastins te Frjentsjer, de Waltastins en It Heechhûs yn Snits en it oan it Princessehof ferbûne Camminghahûs yn Ljouwert. Neist de Ockingastins stie it abtshûs fan it kleaster Klaarkamp by Rinsumageast.

De Ockingastins wie ien fan tsien stinzen yn de binnenstêd fan Frjentsjer. Al dy stinzen waarden om 1500 hinne of earder stichte troch erfgenamten fan de famylje Sjaerda/Sjaerdema. Dy famylje hie nammentlik it hiele oerflak fan de stêd tegearre mei de parochytsjerke fan Frjentsjer, dy't ûnder harren kontrôle stie. It is net bekend hoe't de namme Ockinga oan dizze stins ferbûn rekke is. [1] Nei alle gedachten ferwiist it nei in eardere eigener, stedsrintmaster fan Frjentsjer, Hero van Ockinga. Om't it Dekemahûs om 1600 hinne bewenne waard troch in Jarich fan Ockinga, waard ek dizze stins wol as Ockingastins oantsjut. [2]

By de earste fernijing fan it pân yn 1536 is it yn it besit fan Hector fan Hoxwier. Hector kaam út Mantgum en studearre oan de universiteit fan Pavia. Hy wie yn 1538 lid fan it Hof fan Fryslân en dêrnei presidint fan it Hof fan Utert yn 1541. Fan Hoxwier wie troud mei Ath fan Herema, in dochter fan Luts fan Sjaerda. Yn 1538 wie Rudolf fan Bünau de eigener. Hy wie troud mei Cunera fan Martena, dochter fan Hessel fan Martena dy't de Martenastins stichte en Both fan Hottinga, in nicht fan Luts fan Sjaerda. [1]

Op de stedsplattegrûn fan Pieter Bast út 1598 stiet it hûs fermeld as "Ockingha Huys", eigener wie doe Epe Juckema, boargemaster fan Frjentsjer. Op de Schotanuskaart fan 1664 stiet dat it hûs heart oan professor oan de universiteit fan Frjentsjer, Petrus Moll.

Yn 1697 is Campegius Vitringa de eigener fan de "Ockinga Stins". Nei syn ferstjerren yn 1722 soe syn frou it pân bewenjen bliuwe oant har ferstjerren yn 1728. Yn 1729 wie Albertus Wilhelmus Melchior eigener fan de stins, hy wie lykas Vitringa heechlearaar teology oan de Frjentsjerter Universiteit. Nei it ferstjerren fan Melchior yn 1738 bewenne syn widdo de Ockingastins. Dêrnei waard har skoansoan Zacharias Gerroltsma eigener. [3]

Yn 1755 waard it gebou kocht troch heechlearaar teology Agidius Gillessen. Doe't er yn 1765 heechlearaar waard oan de universiteit fan Leiden ferkocht er de stins oan Johannes Ratelband, dy't him ek opfolge as heechlearaar teology oan de universiteit fan Frjentsjer. Yn 1772 ferkeapet Ratelband de Ockingastins oan Jacobus Salverda, soan fan âld-boargemaster Sjoerd Tjepkes Salverda. De folgjende eigener wie Isaac Telting, ôfkomstich út Stienwyk en yn Frjentsjer wurksum as notaris, sekretaris en letter wethâlder. [4] Ek wie er fâd fan it Klaarkampster Weeshûs. Syn soan Albertus soe dêrnei de stins bewenje. Dy wie ek weesfâd. Albertus syn soan Isaac wie riedshear fan it gerjochtshôf fan Fryslân en letter fan de Hege Ried. Dizze Isaac wurdt yn 1884 neamd as eigener. [5]

De Foarstrjitte mei links yn byld it nije gebou fan it Klaarkampster Weeshuis (1980)

It pân mei byhearrende grûn waard dêrnei skonken oan it Klaarkampster Weeshuis dat foarhinne oan de Dijkstraat stie. Neffens de gevelstien yn it hjoeddeistige gebou waard de Ockingastins yn 1886 skonken en yn 1887 ôfbrutsen. Doetiidsk ryksboumaster Jacobus van Lokhorst die ûndersyk nei de stins en oefene fergees druk op it bestjoer fan it weeshûs út om it pân net te slopen. [1] De treptoer fan de Ockingastins bleau wol behâlden en waard opnaam yn it fragmintegebou fan it Ryksmuseum Amsterdam. [6]

Nijbou folge en it hjoeddeistige gebou waard yn 1888 as weeshûs yn gebrûk nommen. Dat pân waard boud nei it ûntwerp fan arsjitekt Herman Rudolf Stoett. [7] Op 5 augustus 1954 sleat it weeshûs de doarren. Dêrnei waard it pân yn 1955 oankocht troch de Oostwoudefabriken. Nei it fuortgean fan dat fabryk stie it pân in skoft leech en waard der sels praat oer sloop. Yn de jierren 80 waard it gebiet efter it eardere weeshûs fernijd. Dit krige de namme "Ockingahiem". [8] Yn 1986 iepene in biblioteek yn it eardere weeshûs. Njonken it eardere weeshûs is it Keatsmuseum.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 Gerrits, M. & Mulder-Radetzky, R. (2009). Schieringer fortuin Hessel van Martena en het Martenahuis in Franeker. Ljouwert: Friese Pers Boekerij.
  2. Telting, I. (1886). Iets over Sjaardemaleen in verband met de geschiedenis van eenige huizen te Franeker. Ljouwert: Wed. J.R. Miedema & Co.
  3. Fryske Akademy (2019). Time Machine. [online] Beskikber fia: Maps.hisgis.nl. [Rieplachte op 31 decsimber 2019].
  4. Vries, O. (1999). De Heeren van den Raede. Biografieën en groepsportret van de raadsheren van het Hof van Friesland, 1499-1811. Hilversum: Uitgeverij Verloren.
  5. Historisch Centrum Franeker (2019). Voor­straat 74 (De Okkingastins, na 1888 Klaarkampster weeshuis). [online] Beskikber fia: Historischcentrumfraneker.nl. [Rieplachte op 31 desimber 2019].
  6. Rijksmuseum (2014). Rijksmuseum toont gevel van het Kasteel van Breda weer in volle glorie. [online] Beskikber via: Rijksmuseum.nl. [Sjoen op 31 desimber 2019].
  7. Stenvert, R., Kolman, C., Broekhoven S., Ginkel-Meester, S. van & Kuiper, Y. (2000). Monumenten in Nederland. Fryslân. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg/Zwolle: Waanders Uitgevers.
  8. Leeuwarder courant (1983). Renovatie weeshuis, acht winkels en 48 woningen. Stadsherstelplan voor deel Franeker binnenstad gereed. Leeuwarder courant, [online] Beskikber fia: Delpher.nl. [Rieplachte op 31 desimber 2019].