Ockingastate
Ockingastate of Ockingahûs wie in state oan de Sjungadyk yn Burchwert, gemeente Wûnseradiel. Fan de stins is neat werom te finen.
De âldste fermelding fan de state is fan 1424. Alde kaarten hawwe yn Burchwert de stinzen fan Ockinga en Donia. Ockingastate stie op it steed dêr't yn 2009 de pleats fan Frans Hettinga stiet. Wannear't it laach Ockinga him hjir fêstige, is net bekend. De âldste Ockinga wie Lolle Ockinga (± 1376). Twa oerpakesizzers, Hero en Piter, bewennen elk ien fan de twa states, mar it is net dúdlik hokker. In wiidweidige beskriuwing fan de famylje Ockinga stiet op de website fan Burchwert en Hichtum.
Yn 1540 wurde wer twa bruorren neamd, Hero en Joast fan Ockinga, ek fan harren is net bekend op hokker fan beide states se wennen.
Yn 1603 wennet op Ockingahûs in Jarich fan Ockinga, dy't troud wie mei Hijlck fan Ockinga. Se hiene sân bern, wêr't fjouwer soannen fan in wichtige funksje hiene. Hjirút kin opmakke wurde dat dy staach fan de famylje grifformerard wie, want foar roomsk-katholiken wie in belangrike funksje net tastien. De âldste, Lolle of Lodewick fan Ockinga, wie Ried fan de Admiraliteit fan it Noarderkertier (Noard-Hollân) en troude yn 1648 mei Maria Sternsee. Seis jier letter ferdronk hy mei syn skip foar Starum en der waard troch de famylje in famyljegrêf kocht yn de tsjerke fan Burchwert, dêr't in grêfstien noch oan herinnert.
Wat der fierder mei de state barde is ûnbekend.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- famylje Ockinga
- 1603 - 1654 Jarich fan Ockinga
- 1654 Maria Sternsee
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |