Springe nei ynhâld

Ocean Ramsey

Ut Wikipedy
Ocean Ramsey
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten
berne1987
berteplakOahu
wurkpaad
berop/amtûndernimmer
aktyf asnatuerbeskermer, frijdûker en model
offisjele webside
oceanramsey.org

Ocean Ramsey (berne yn 1987) is in Amerikaansk model en beskermer fan haaien. Hja krige ynternasjonale omtinken yn 'e media troch te dûken mei haaien, wêrûnder wite haaien en tigerhaaien. Hja krewearret foar it behâld fan haaien, dy't troch minsken swier ferfolge wurde. De populaasjes fan 'e haaiesoarten binne de lêste desennia dramatysk efterút gien. Ramsey wennet op Hawaï en hat oant 2019 mei 47 ferskillende haaiesoarten oer de hiele wrâld swommen.

Ramsey rjochte it bedriuw One Ocean Diving LLC op, in op Hawaï fêstige bedriuw dat dûktochten mei haaien op see fasilitearret. Hja stiet sintraal yn in Netflix-dokumintêre út 2025, The Shark Whisperer, dy't sawol har beskermingswurk as de kontroversje om har oanpak hinne beljochtet.

Moeting mei in wite haai

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ocean Ramsey mei in haai.

By it filmjen fan tigerhaaien foar de kust fan Oahu, kamen Ramsey en in filmploech in likernôch seis meter lange froulike wite haai tsjin, dy't letter identifisearre waard as "Deep Blue" of "Haole Girl". De moeting waard fêstlein troch har doedestiidske ferloofde Juan Oliphant, en de bylden krigen oer de hiele wrâld in hiel soad omtinken yn 'e media.

Hoewol't hja priizge waard foar it fergrutsjen fan 'e bewustwurding oer de haaien, krige hja ek krityk foar har hâlden en dragen yn 'e opnames. De seebiolooch Michael Domeier, oprjochter fan it non-profit Marine Conservation Science Institute, bekritisearre Ramsey omdat se te sjen wie op film yn 'e ynteraksje mei de haai. De biolooch en natuerbeskermer David Shiffman, dy't haaien bestudearret, fertelde [The Washington Post]]: "It wol me net oan dat wy soksawat as "asjebleaft, reitsje in 6 meter lange predator yn it wyld net oan", eksplisyt sizze moatte soene, mar op dit punt binne wy no".

Ramsey krewearre mei tsientallen oaren en organisaasjes foar in wet dy't it deadzjen fan haaien ferbied. Nei ferskate jierren fan mislearre stimmingen waard yn 2021 lang om let it wetfoarstel Hawaii House Bill 553 oannommen. Dêrmei waard Hawaï de earste Amerikaanske steat dy't it deadzjen fan haaien ferbied.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ramsey Ocean fan Wikimedia Commons.