Springe nei ynhâld

Nizjni Novgorod (oblast)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oblast Nizjni Novgorod)
Nizjni Novgorod oblast

Нижегородская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Wolga-Vjatka
haadplak Nizjni Novgorod
grutste plak Nizjni Novgorod
taal Russysk
sifers
ynwennertal 3.144.254 (2022)
oerflak 76.624 km²
befolkingstichtens 41,03 ynw. / km²
Etnyske groepen Russen (95 %)
Tataren (1,2%)
stân 2002
oar
stifting 1929
tiidsône UTC +3
koördinaten 56° 29' N 44° 32' E
webside www.government.nnov.ru

Nizjni Novgorod (Russysk: Нижегородская область, Nizjegorodskaja oblast) is in oblast (bestjoerlike ienheid) yn it Europeeske diel fan de Russyske Federaasje. De oblast waard op 14 jannewaris 1929 oprjochte en omfieme oant 1934 ek it tsjintwurdige oblast Kirov.

De oblast grinzget yn it noarden oan de oblasten Kostroma en Kirov, dan mei de klok mei oan de autonome republiken Mary El, Tsjûvasje en Mordoovje en oan de oblasten Rjazan, Vladimir en Ivanovo. Mei goed 75.000 km² is de oblast likernôch like grut as Eastenryk.

Haadstêd fan de oblast is de stêd mei deselde namme, Nizjni Novgorod, ien fan de grutste stêden fan Ruslân. Oare grutte plakken binne Dzerzjinsk, Sarov (eartiids Arzamas-16), Kstovo en Pavlovo. De oblast hat 28 stêden en mear as 4500 doarpen.

De oblast Nizjni Novgorod hat in goede ynfrastruktuer. Oer it gebiet rint it spoar nei Moskou, de Wolgarepubliken, de Kaukasus, Sibearje, it Russyske Fiere Easten en de Sintraal-Aziatyske lannen. It trans-Sibearyske spoar is dêrfan de belangrykste. Troch de oblast streame de rivieren de Wolga en de Oka, dy't ek wichtige ferkearsferbinings foarmje.

It kremlyn fan de haadstêd Nizjni Novgorod

It foarstendom Nizjni Novgorod ûnstie neffens de Russyske tradysje yn 1221, doe't Joeri II fan Vladimir de stêd Nizjni Novgorod stifte. Yn 1350 waard de stêd de haadstêd fan it gebiet, dy't yn de 14e iuw it kulturele sintrum fan Ruslân waard en dêr't eigen munten slein waarden. Nizjni Novgorod waard oant de 14e iuw sân kear ferneatige troch de Mongoalen, ek al krige de stêd in stiennen kremlyn en in slotgrêft, mar jimmeroan waard de stêd wer opboud troch de bewenners.

Yn 1393 waard it foarstendom by Moskou foege. It waard doe in militêr bolwurk tsjin it eastlike kanaat Kazan. Nei't dat ryk oermastere waard en Ruslân yn de twadde helte fan de 16e iuw nei Sibearje útwreide, ferlear de stêd syn militêre betsjutting foar Moskou en waard mei tank oan de strategyske lokaasje de hannel belangryk.

It gûvernemint Nizjni Novgorod waard yn 1714 oprjochte mei Nizjni Novgorod as haadstêd. Dat bleau sa oant de revolúsje.

Yn de Sovjet-tiid krige it gebiet de folgjende nammen:

  • 1929 Oblast Nizjni Novgorod
  • 1929–1932: Kraj Nizjni Novgorod
  • 1932–1936: Kraj Gorki
  • 1936–1992: Oblast Gorki

Mei yngong fan 16 maaie 1992 draacht de stêd en de oblast wer de âlde namme Nizjni Novgorod.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Befolking 1.584.774 2.743.007 3.869.887 3.590.813 3.682.484 3.711.617 3.714.322 3.524.028 3.144.254

De oblast Nizjni Novgorod is ferdielen yn 48 rajons en fjouwer stedsdistrikten. De stedsdistrikten binne de fjouwer grutste stêden yn de oblast, de haadstêd Nizjni Novgorod, Dzerzjinsk en Arzamas en de sletten stêd (ZATO) Sarov. Meiïnoar hat de oblast 28 stêden en 55 plakken mei in stedsk karakter.

Plaknamme Russysk Bestjoersienheid Ynwennertal [1] Wapen Lokaasje
Ardatov Ардатов Ardatovski rajon 8.536   55° 14' N 43° 05' E
Arja Арья Urenski rajon 4.694   57° 29' N 45° 58' E
Arzamas Арзамас stedsdistrikt 102.664 55° 24' N 43° 49' E
Balachna Балахна Balachninski rajon 48.122 56° 28' N 43° 32' E
Blizjne-Pesotschoje Ближне-Песочное stedsdistrikt Wyksa 3.069   55° 20' N 42° 051' E
Bogorodsk Богородск Bogorodski rajon 33.244 56° 05' N 43° 30' E
Bolsjoje Kozino Большое Козино Balachninski rajon 6.838   56° 24' N 43° 42' E
Bolsjoje Moerasjkino Большое Мурашкино Bolsjemoerasjkinski rajon 4.932   55° 46' N 44° 46' E
Bor Бор stedsdistrikt 76.732 56° 21' N 44° 03' E
Bûtoerlino Бутурлино Bûtoerlinski rajon 6.350 55° 33' N 44° 54' E
Dalneje Konstantinovo Дальнее Константиново Dalnekonstantinovski rajon 3.868   55° 48' N 44° 06' E
Dostsjatoje Досчатое stedsdistrikt Wyksa 5.057   55° 23' N 42° 06' E
Dzerzjinsk Дзержинск stedsdistrikt 227.326 56° 14' N 43° 27' E
Frolisjtsji Фролищи Volodarski rajon 1.360   56° 24' N 42° 38' E
Gavrilovka Гавриловка stedsdistrikt Dzerzjinsk 834   56° 13' N 43° 42' E
Gidrotorf Гидроторф Balachninski rajon 7.290   56° 13' N 43° 42' E
Gorbatov Горбатов Pavlovski rajon 1.844   56° 08' N 43° 04' E
Gorbatovka Горбатовка stedsdistrikt Dzerzjinsk 3.395   56° 15' N 43° 44' E
Gorodets Городец Gorodetski rajon 29.353 56° 39' N 43° 28' E
Gremjatsjevo Гремячево Kûlebakski rajon 4.958   55° 23' N 43° 02' E
Iljinogorsk Ильиногорск Volodarski rajon 7.045   56° 13' N 42° 57' E
Imeni Kalinina имени Калинина Vetlûzjski rajon 1.897   57° 58' N 45° 6' E
Imeni Stepana Razina имени Степана Разина Lûkojanovski rajon 2.289   54° 53' N 44° 17' E
Jûganets Юганец Volodarski rajon 2.685   54° 14' N 43° 13' E
Knjaginino Княгинино Knjagininski rajon 6.563 55° 49' N 45° 02' E
Kovernino Ковернино Koverninski rajon 6.947   57° 07' N 43° 48' E
Krasnyje Baki Красные Баки Krasnobakovski rajon 7.274   57° 07' N 45° 09' E
Kstovo Кстово Kstovoski rajon 66.928 56° 09' N 44° 11' E
Kûlebaki Кулебаки Kûlebakski rajon 31.509 55° 25' N 42° 31' E
Lesogorsk Лесогорск Sjatkovski rajon 811   55° 06' N 43° 56' E
Lûkino Лукино Balachninski rajon 3.801   56° 26' N 43° 37' E
Lûkojanov Лукоянов Lûkojanovski rajon 13.763 55° 02' N 44° 29' E
Lyskovo Лысково Lyskovski rajon 21.063 56° 00' N 45° 01' E
Maloje Kozino Малое Козино Balachninski rajon 890   56° 26' N 43° 40' E
Mûchtolovo Mухтолово Ardatovski rajon 4.445   55° 28' N 43° 11' E
Navasjino Навашино Navasjinski rajon 14.436   55° 32' N 42° 12' E
Nizjni Novgorod Нижний Новгород stedsdistrikt 1.233.949 55° 32' N 42° 12' E
Pavlovo Павлово Pavlovski rajon 56.129 43° 05' N 43° 05' E
Perevoz Перевоз Perevoski rajon 8.710 55° 36' N 44° 33' E
Pervoje Maja Первое Мая Balachninki rajon 2.149   56° 24' N 43° 38' E
Pervomajsk Первомайск Pervomajski rajon 13.101 54° 52' N 43° 48' E
Pervomajski Первомайский Gorodetski rajon 1432   56° 36' N 43° 21' E
Pilna Пильна Pilninski rajon 6.753   55° 33' N 45° 55' E .
Pizjma Пижма Tonsjajevski rajon 3.864   57° 51' N 47° 04' E
Resjetizja Решетиха Volodarski rajon 6.548   56° 13' N 43° 17' E
Sarov Саров stedsdistrikt (sletten stêd) 96.099 54° 56' N 43° 19' E
Satis Сатис Pervomajski (rajon) 1.346   55° 01' N 43° 50' E
Semjonov Семёнов stedsdistrikt 23.902 56° 47' N 44° 29' E
Sergatsj Сергач Sergatsjski rajon 19.939 56° 47' N 44° 29' E
Sjachûnja Шахунья Sjachûnski rajon 19.591 57° 40' N 46° 15' E
Sjaigino Шайгино Tonsjajevski rajon 862   57° 46' N 46° 51' E
Sjaranga Шаранга Sjarangski rajon 6.652   57° 10' N 46° 32' E
Sjatki Шатки Sjatkovski rajon 8.561   55° 11' N 44° 09' E
Sjimorskoje Шиморское stedsdistrikt Wyksa 4.136   55° 19' N 42° 02' E
Sjava Сява Sjachûnski rajon 3.522   58° 01' N 46° 19' E }
Smolino Смолино Volodarski rajon 2.424   56° 16' N 43° 02' E
Sokolskoje Сокольское Sokolski rajon 6.121   57° 08' N 43° 09' E
Sosnovskoje Сосновское Sosnovski rajon 8.194   55° 48' N 43° 09' E
Sûchobezvodnoje Сухобезводное stedsdistrikt Semjonov 5.827   57° 02' N 44° 52' E
Tonkino Тонкино Tonkinski rajon 4.649   57° 22' N 46° 27' E
Tonsjajevo Тоншаево Tonsjajevski rajon 4.511   57° 44' N 47° 01' E
Tsentralny Центральный Volodarski rajon 2.924   56° 18' N 42° 47' E
Tsjkalovsk Чкаловск Tsjkalovski rajon 11.193 56° 46' N 43° 15' E
Tûmbotino Тумботино Pavlovski rajon 6.608   55° 59' N 43° 01' E
Uren Урень Urenski rajon 12.251   57° 28' N 45° 47' E
Vachtan Вахтан Sjachûnski rajon 4.581   57° 58' N 46° 41' E
Varnavino Варнавино Varnavinski rajon 3.189   57° 24' N 45° 05' E
Vasilsoersk Васильсурск Vorotynski rajon 951 57° 07' N 46° 00' E
Vatsja Вача Vatsjski rajon 5.034   55° 48' N 42° 46' E
Veletma Велетьма Kûlebakski rajon 957   55° 20' N 42° 25' E
Vetlûga Ветлуга Vetlûzjski rajon 8.258 57° 51' N 45° 46' E
Vetlûzsjki Ветлужский Krasnobakovski rajon 20.977   57° 10' N 45° 07' E
Vilja Виля stedsdistrikt Wyksa 3.601   57° 10' N 45° 07' E
Volodarsk Володарск Volodarski rajon 9.875   57° 10' N 45° 07' E
Vorotynets Воротынец Vorotynski rajon 6.068   56° 03' N 45° 51' E
Vorsma Ворсма Pavlovski rajon 10.253   55° 59' N 43° 16' E
Voskresenskoje Воскресенское Voskresenski rajon 5.931   56° 50' N 45° 26' E
Vyjezjsdnoje Выездное Arzamasski rajon 7.618   55° 22' N 43° 47' E
Wyksa Выкса stedsdistrikt 52.892 55° 19' N 42° 10' E
Zavolzje Заволжье Gorodetski rajon 38.526 56° 38' N 43° 23' E
Zeljony Gorod Зелёный Город stedsdistrikt Nizjni Novgorod 2.032   56° 10' N 44° 04' E
Zjelnino Желнино stedsdistrikt Dzerzjinsk 775   56° 12' N 43° 21' E

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Nischni Nowgorod

  1. [De ynwennertallen binne ôfkomstich fan de Russyske wikipedylemma's fan de plakken dy't oproppen binne op 12 juny 2022 en fan de jierren 2020 of 2021, op dy siden binne ek de Russysktalige boarnen te finen.]

Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje