De Oarder fan it Britske Ryk (Ingelsk: The Most Excellent Order of the British Empire, ôfkoarting: OBE) is in Britske ridderoarder, oprjochte op 4 juny1917 troch kening George V. Yn prinsipe wurdt de ûnderskieding takend oan steatsboargers fan it Feriene Keninkryk of oare lannen dêr't de Britske kening it steatshaad fan is, mar ek ynwenners fan oare lannen kinne dizze ûnderskieding ûntfange.
Yn 1918 waard de oarder splitst yn in militêre en sivile ôfdieling, "Division" neamd. De lytsen en stjerren binne foar beide difyzjes, de Militêre Difyzje en de Sivile Difyzje gelyk, mar de militêren drage in lint mei in tinne griiswite middenstreek.
De Oarder ken in soeverein, in grutmaster en fiif graden. It motto fan de oarder is: "For God and the Empire".