Oanlisspul
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en pas nei kontrôle it artikel oan. |
|---|
In oanlisspul, is in kaartspul dêr't yn de hân, of op tafel, kombinaasjes fan kaarten by makke wurde.
Ornaris giet it spul der om om rychjes fan, trije as mear, opfolgende kaarten, of krekt fan gelikense kaarten te meitsjen. Lykswols binne der útsûnderings. Der is in oanlisspul dêr't hielendal gjin gelikense by foarmd wurden, en yn Majong is in útsûnderlik slútpaar dat foarmd wurde kin troch bamboe 1 mei kringen 1 as gelikensen, ek al binne hja net wier gelyk. In fierder ferskil is of it spul foar it measte part op tafel spile wurde lykas Rummikub, of krekt fral yn de hân hâlden wurde lykas Majong. Fierders kinne guon spullen primêr spullen dêr't elts allinnich spilet, likas by Rummikub, of krekt pearwiisk spilet, lykas by Kanasta en Express.
