Springe nei ynhâld

Canupawakpa Dakota Naasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oak Lake Reservaat 59A)
Canupawakpa Dakota Naasje
Ingelsk Canupawakpa Dakota Nation
lânseigen Čanupawakpa Dakhóta Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Manitoba
haadkertier Pipestone (Manitoba)
etnisiteit Eastlike Dakota, Westlike Dakota
ledetal 670 (2014)
oprjochting 1875
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Oak Lake Reservaat 59A
Oak Lake Reservaat 59B
Fishing Station Reservaat 62A
lokaasje súdlik Manitoba
oerflak 10,5 km²
ynwennertal 290 (2014)
offisjele webside
canupawakpa.com
kaart
Canupawakpa Dakota Naasje (Manitoba)
Canupawakpa Dakota Naasje
Lokaasje yn Manitoba.

De Canupawakpa Dakota Naasje (Ingelsk: Canupawakpa Dakota Nation; Eastlik Dakota: Čanupawakpa Dakhóta Oyáte, útspr.: [ʧa'nupawakpa da'kʰo:ta o'ja:te]) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it suden fan 'e provinsje Manitoba. De "earste naasje" (in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep) stiet ek wol bekend ûnder de alternative namme Canupawakpa Dakota Earste Naasje (Canupawakpa Dakota First Nation), en waard foarhinne de Oak Lake Earste Naasje (Oak Lake First Nation) neamd. De Canupawakpa Dakota Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1875, en hie neffens gegegevens út 2014 669 leden. It haadkertier is fêstige yn Pipestone, yn Manitoba. De leden fan 'e stamme besteane út etnyske (Sioux), nammentlik Eastlike Dakota fan 'e Wahpekûte- en Wahpeton-stammen, en Westlike Dakota fan 'e Janktonai-stamme.

De Canupawakpa Dakota Naasje hat twa eigen reservaten, te witten: it Oak Lake Reservaat 59A (Oak Lake 59A Reserve), fan 10,5 km², en it lytsere Oak Lake Reservaat 59B (Oak Lake 59B Reserve) fan 65 ha, dat bestiet út wyldlân en dat noardlik fan 59A leit, yn 'e omkriten fan it stedsje Scarth. Fierders dielt de stamme it Fishing Station Reservaat 62A (Fishing Station 62A Reserve) mei de Birdtail Sû Earste Naasje en de Sioux Valley Dakota Naasje. It grûngebiet fan 'e Canupawakpa Dakota Naasje wurdt omjûn troch de plattelânsgemeente Pipestone.

Fan 'e 670 leden fan 'e stamme wennen der yn 2014 293 yn it haadreservaat. De wichtichste delsetting fan 'e Canupawakpa Dakota Naasje is sitewearre op 49°62′15″ noarderbreedte by 100°93′52″ westerlingte. Canupawakpa beskikt oer in eigen beukerskoalle, pjutteboartersplak, ynstelling foar folwoeksene-ûnderwiis, klinyk, griene-krúsgebou, arkadehal anneks miny-kasino (mei mear as 20 gokautomaten) en brânwacht. De Canupawakpa Dakota Naasje hat, mear as oare Sû-stammen yn Kanada, fêstholden oan 'e eigen kultuer. De earste taal yn 'e mienskip is it Dakota. Canupawakpa hearde foarhinne, mar no net mear, ta de Dakota-Odjibwe Stammeried (Dakota Ojibway Tribal Council), in gearwurkingsferbân fan Dakota- en Odjibwe-stammen yn súdlik Manitoba.

De Canupawakpa Dakota Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Manitoba en Saskatchewan, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Manitoba en Saskatchewan, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota