OLT Express

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan OLT Express Germany)
OLT Express
Logo
IATA

S2

ICAO

OLT

Ropteken

OLTRA

In Fokker 100 fan OLT Express
In Fokker 100 fan OLT Express
Algemien
Oprjochte 1 novimber 1958 (as Ostfriesische Lufttaxi)
Opheft 30 jannewaris 2013
Haadkertier Bremen, Dútslân
Hub(s) Lofthaven Bremen
Lofthaven Saarbrücken
Floatgrutte 15
Bestimmings 10
Memmebedriuw Panta Holdings
Kaaifigueren Prof. Dr. Joachim Klein, direkteur (oant 2013)
Offisjele webside
www.oltexpress.de
Saab 2000.

OLT Express of ek wol OLT Express Germany (foarhinne OLT Ostfriesische Lufttransport GmbH of OLT) wie in loftfeartmaatskippij út Dútslân. It haadkertier fan it bedriuw stie oant febrewaris 2012 yn Emden en dêrnei yn Bremen. Oer it algemien waarden mei in relatyf lytse float regionale flechten útfierd út it noarden fan Dútslân wei nei oare parten fan it lân, en út Bremen wei sels nei inkelde Jeropeeske bestimmings. De thúshaven fan OLT Express Germany wie Lofthaven Bremen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1958 waard de OLT yn Emden oprjochte troch Jan Jakobs Janssen en Martin Decker. Yn it earstoan fleach de OLT fan Emden nei de eilannen, mar sûnt 1991 fleach de OLT ek fan Bremen nei ferskate fleanfjilden yn Jeropa. Yn datselde jier begûn de OLT mei siketransport. De OLT wie eigendom fan 'e rederij AG Ems yn Emden (74,9%) en FLN Frisia Luftverkehr (25,1%). Yn 2008 hie de OLT 118 meiwurkers.

Loftferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De OLT fleach nei hast alle East-Fryske en Noard-Fryske eilannen, ynklusyf Helgolân. Dêrneist fleach de OLT fan ferskillende fleanfjilden yn Dútslân en Switserlân ôf nei it eilân Usedom op 'e Poalsk-Dútske grins. Binnen Dútslân waard nei ferskate gruttere fleanfjilden flein. Foar de OLT wie Lofthaven Bremen in hub nei oare fleanfjilden yn hiel Europa; dêrneist waard yn Bremen it ûnderhâld dien oan 'e gruttere tastellen. Ek yn Jeropa hie de OLT inkelde bestimmings: Bristol, Brussel, Keappenhaven, Napels, Toulouse en Zürich.

Float[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2013, doe't OLT Express Germany fallyt gong, bestie de float út 15 fleanmasines mei in gemiddelde leeftiid fan 18,9 jier.

Fleanmasine Tal Passazjiers Bysunderheden
Fokker 100 10 100
Saab 2000 4 56 D-AOLB ferkocht oan Darwin Airline
Saab 340 1 37

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn desimber 2005 begûn easyJet mei in deistige ferbining tusken Bristol en Hamboarch. De OLT fleach ek al op dyselde liny, mar dan inkeld troch de wike en twa kear deis. Sakelju keazen foar de OLT omdat dy faker fleach as easyJet. EasyJet hold yn oktober 2006 op mei fleanen op de liny Bristol-Hamboarch.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. OLT celebrates reaching 50 by acquiring its first jets for Airbus ’shuttle’ flights op www.anna.aero (sjoen op 01-07-2010)