Springe nei ynhâld

OC Modeling

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan O.C. Modeling Agency)
OC Modeling
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
typeprivaat
sektorympressariaat
fêstige ynChatsworth (Los Angeles)
oprjochte2010
oprjochterSandra McCarthy
eignerSandra McCarthy
sifers
omset$170.000[1]
aktyf ynde Feriene Steaten
wurknimmers4[1]
offisjele webside
ocmodeling.com

OC Modeling is in Amerikaansk bedriuw dat him taleit op 'e bemiddeling yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, tusken filmprodusinten en regisseurs oan 'e iene kant en akteurs oan 'e oare kant.[2] De namme fan it ympressariaat ferwiist nei Orange County, in county yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, ûnder de reek fan 'e stêd Los Angeles. OC Modeling is lykwols fêstige yn Chatsworth,[1] in wyk fan Los Angeles, yn it oanbuorjende Los Angeles County.

It ympressariaat waard yn 2010 oprjochte troch Sandra McCarthy,[1] dy't anno 2018 noch altyd de eigneresse fan it bedriuw is.[1] OC Modeling hat sawol manlike as froulike modellen ûnder kontrakt,[2] dy't beskikber binne foar glamourfotografy, neakenfotografy en pornografyske fotoshoots en filmopnames.[2] Guon fan 'e bekendste pornoaktrises dy't fertsjintwurdige wurde troch OC Modeling, binne (anno 2018): Briana Banks, Brooklyn Chase, Diamond Foxxx, Aaliyah Hadid, Alura Jenson, Dakota Skye en Cindy Starfall.[2]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 5 Bedriuwynformaasje oer OC Modeling.
  2. 1 2 3 4 Ynformaasje fan 'e eigen webside fan OC Modeling.