Nylgoes
Nylgoes | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Alopochen aegyptiaca | ||||||||||||
Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() wintergast eksoat |
De Nylgoes (Alopochen aegyptiaca) of de Egyptyske goes is in fûgelsoarte út de famylje einfûgels Anatidae. Oarspronklik komt de Nylgoes foar yn Afrika besuden de Sahara, mar tsjintwurdich komt de fûgel ek yn grutte oantallen yn Belgje, Denemark, Dútslân, Grut-Brittanje, Frankryk, Nederlân en Sweden foar. De soarte is net skou en is ek regelmjittich yn stedsparken of op grienfoarsjennings oan wetter te sjen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nylguozzen binne 63 oant 73 sm lang en ha in gewicht fan likernôch 2,5 kg. Mantsjes en wyfkes binne wat fearrekleed oanbelanget lyk oaninoar. Se krije de folwoeksen kleuren as se fjouwer oant fiif moanne âld binne.
Dan binne de plakken om it each en op it boarst hielendal ûntwikkele. De fûgels ha relatyf hege, bleekreade poarten, in bleekreade snaffel en in griene wjukspegel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit yn Afrika, fral besuden de Sahara en yn 'e delling fan 'e Nyl. It leefgebiet leit oan marren, sompen, rivieren.
Sûnt de jierren 1960 hat de soarte in populaasje op it Europeeske fêstelân. Foar dy tiid wiene der ek al briedgefallen yn Ingelân, mar ûntsnapte sierfûgels wisten sûnt de jierren 1960 yn Nederlân te brieden. As eksoat komt de fûgel hjoed-de-dei yn in grut part fan West-Europa foar. Dêrnjonken binne der ek net-lânseigen populaasjes yn Israel, Palestina en Jordaanje en yn de Feriene Arabyske Emiraten en Oman.
Yn Nederlân briedt de fûgel sûnt 1967 by De Haach, letter ek by Grins en yn it rivieregebiet. Sûnt 1980 groeide it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte nei de rest fan it lân. Nei Nederlân waarden ek Belgje, Lúksemboarch, Dútslân, noardlik Frankryk, Denemark en súdlik Sweden kolonisearre. Dêrby spilen de grutte rivieren in grutte rol. Hjoed-de-dei lizze de grutste konsintraasjes fan 'e fûgels yn ús lân yn 'e Rânestêd en it rivieregebiet. Sovon rûst it oantal Nederlânske briedpearen op 7.700-13.000 (2018-2020). It oantal oerwinterjende Nylguozzen berrint yn 'e tsientûzenen. De groei fan 'e oantallen is nei de tige flugge groei al wat oan it ôfflakken. Dat hat ek te meitsjen mei it tastean fan it ôfsjitten fan in oantal fûgels yn guon provinsjes.
Nylguozzen binne hast yn hiel Fryslân te sjen.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De reintiid foarmet it begjin fan it briedseizoen. Yn it westen en suden fan Afrika falt dat briedseizoen yn 'e moannen juny oant en mei septimber. Yn Kenia briedt de soarte it hiele jier troch. Se binne tige territoariaal en ferneare gjin oare einen yn it territoarium. It komt de fûgels net sa krekt wat de lokaasje fan it nêst oanbelanget. Se wurde tusken rotsen of tusken it reid boud, mar likegoed yn beamholtes. Ek stelle se de nêsten fan oare gruttere fûgels en se binne sels net te benaud om rôffûgels oan te fallen. Beide skaaien briede en beide âlders soargje foar it grutbringen fan 'e piken.
Se ite sied, blêd, gers en panten. Ut en troch frette se ek wringeleaze dieren.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nylguozzen ha in grut ferspriedingsgebiet. Yn it oarspronklike ferspriedingsgebiet liket de populaasje ôf te nimmen. Der wurdt yn Afrika in soad op 'e fûgel jage. Yn Europa nimme de oantallen ta en wurdt it ferspriedingsgebiet grutter.
De Nylgoes wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Birdlife, oproppen 8 febrewaris 2025.
- IUCN, oproppen 8 febrewaris 2025.
- Ebird, oproppen 8 febrewaris 2025.
- Fûgelbeskerming, oproppen 8 febrewaris 2025.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: de:Feriene Arabyske Emiraten
|
- Goes (fûgel)
- Fûgelsoarte
- Foksgoes
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn Denemark
- Eksoat yn Dútslân
- Eksoat yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Eksoat yn Frankryk
- Eksoat yn Fryslân
- Eksoat yn Ingelân
- Eksoat yn Israel
- Eksoat yn Jordaanje
- Eksoat yn Lúksemboarch (lân)
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Oman
- Eksoat yn Palestina
- Eksoat yn Sweden
- Eksoat yn Switserlân