Numforflaggesturtiisfûgel
| Numforflaggesturtiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tanysiptera carolinae | ||||||||||||
| Schlegel, 1871 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich (hast bedrige)
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Numforflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera carolinae) is ien fan 'e njoggen fûgelsoarten fan it skaai flaggesturtiisfûgels (Tanysiptera) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). Der binne gjin ûndersoarten.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ynklusyf syn lange sturtpinnen wurdt de soarte 34 oant 38 sm lang. De fearren fan 'e kop, it bealchje en de wjukken binne blaufiolet. Dêrfan is de kroan it ljochtst en binne de skouders en de haadslachpinnen fan 'e wjukken hast swart. De stút dêrfoaroer is wyt. De hast 10 sm lange sturt hat twa langere, sintrale donkerblauwe fearpinnen mei wite einen. De snaffel is skarlakenread, de eagen binne donkerbrún en de poaten grienbrún. Yn 'e fearren binne gjin opfallende ferskillen tusken mantsjes en wyfkes.
Jonge fûgels binne doffer mei rossige en bêzje ûnderkanten, in wite stút en in swarteftige sturt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op it 330 km² grutte eilân Numfor. De fûgel komme yn 'e measte biotopen en hichten op Numfor foar, ynklusyf strânbegroeiïng en degradearre bosk.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oantal fûgels wurdt tusken 2.500 oant 10.000 fûgels rûsd (2022). De fûgel is algemien en it liket der op dat de soarte him oanpasse kin oan degradearre biotopen. Der is lykwols net in soad bekend oer de fûgel en der is sprake fan biotoopferlies op it eilân. In part fan it biotoopferlies komt del op folsleine houtkap foar lânbou, dêr't de fûgel net libje kin. Fanwegen it tige lytse ferspriedingsgebiet en in nei alle gedachten lytse populaasje hat de fûgel de status fan hast bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel waard op Numfor troch Hermann von Rosenberg sammele en yn 1871 troch Hermann Schlegel beskreaun, dy't de fûgel yn 'e wittenskiplik namme ferneamde nei Karoline, de frou fan Von Rosenberg.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
