Springe nei ynhâld

Numfor

Ut Wikipedy
Numfor
geografy
lokaasje Grutte Oseaan
ûnderdiel fan Schouteneilannen
lân Yndoneezje
provinsje Papoea
koördinaten 1°1'S 134°52'E
algemien
ynwennertal 9.336 (2010)[1]
sifers
oerflak 333,5 km²
heechste punt 178 m [2]
kaart
Numfor (Yndoneezje)
Numfor
Lokaasje Numfor yn Yndoneezje.

Numfor is ien fan 'e Schouteneilannen noardlik fan Nij-Guineä yn 'e Yndonezyske provinsje Papoea. It eilân leit fyftich km westlik fan Biak en Supiori en op 70 km eastlik fan 'e havenstêd Manokwari op it skiereilân Fûgelkop. Numfor hat in oerflak fan 311 km² en it heechste punt is 178 m.

De measte doarpen lizze oan 'e kust en binne mei inoar oer in 50 km lange kustwei ferbûn, dy't de Amerikanen yn 'e Twadde Wrâldkriich oanleinen. Numfor wurdt yn fiif distrikten ferdield: Numfor-East (Numfor-Timur), Numfor-West (Numfor-Barat), Poiru, Bruyadori en Orkeri.

De Amerikaanske lanning op Numfor.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich besette Japan it eilân. De Japanners bouden trije fleanfjilden op it eilân: it noardlike Kornasoren-fleanfjild, it noardwestlike Kameri-fleanfjild en it westlike Namber-fleanfjild. By de bou brûkten se lokale ynwenners en oare twangarbeiders ûnder tige minne omstannichheden. Op 2 july 1944 begûn de Slach om Numfor doe't de Amerikaanske en Australyske troepen ûnder it befel fan generaal MacArthur yn it ramt fan 'e "Operation Typhoon" op Numfor lannen. Harren doel wie it eilân yn te nimmen om fan dêrút fierdere operaasjes yn Nij-Guineä en de Filipinen te fasilitearjen. De ynvaazje waard útfierd mei in amfibyske lâning en mei loftbombardeminten. It ferset wie net grut om't in soad Japanske soldaten troch sykte en brek oan goede foarsjennings ferswakt wiene. Op 31 augustus 1944 wie it eilân frij fan Japanners. De Kornasoren-fleanbasis waard ynnommen en op 'e nij brûkt troch de Alliearden. De Slach om Numfor koste 66 alliearden it libben en 343 rekken ferwûne, wylst 1.714 Japanner it libben lieten en 186 man kriichfinzen nommen waarden. Fan 'e troch Japan 3.000 ymportearre twangarbeiders libben neffens Amerikaanske sifers op 31 augustus noch mar 403 minsken.

Paoea-froulju mei bern (jierren 1950).

It ynwennertal fan Numfor skommelt tusken 8.000 oant 10.000 minsken. De befolking is ferspraat oer ferskate doarpen mei in pear gruttere plakken lykas Kornasoren, Yemburwo en Baruki. De ynwenners fan Numfor binne benammen etnyske Papoea's en nau besibbe oan 'e ynwenners op Biak. De minsken prate njonken de lokale taal, in fariant fan 'e taal op Biak, ek Yndonezysk. It stammesysteem spilet noch in grutte rol op it eilân.

De befolking is fral protestantsk-kristlik (GKI – Gereja Kristen Injili).

Troch it geografyske isolemint is in soad fan 'e kultuer fan Numfor noch autentyk, alhoewol't de moderne tiid ek dêr feroaringen bringe.

De fiskerij en de lânbou binne wichtige besteansmiddelen. De eksport bestiet út fisk en lânbouprodukten. It toerisme nimt in jimmeroan grutter plak yn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: