Springe nei ynhâld

Nukleêr DNA

Ut Wikipedy

Nukleêr DNA, folút nukleêr deoksyribonukleïnesoer en ôfkoarte ta nDNA, is it DNA dat yn 'e selkearn sit fan 'e sellen fan alle eukaryoatyske organismen. De oantsjutting "nukleêr" is it eigenskipswurd ôflaat fan it Latynske nucleus, dat "kearn" betsjut. Dizze soarte DNA befettet it meastepart fan it genoom fan eukaryoaten, wylst de rest yn it mitogondriaal DNA en it gloroplast-DNA sit. Nukleêr DNA hâldt him oan 'e mendeliaanske oererving, mei genetyske ynformaasje dy't ôfkomstich is fan twa âlden: ien manliken en ien frouliken. Dat is mei-iens it wichtichste ûnderskie mei mitogondriaal DNA, dat inkeld fan 'e mem ôfkomstich is.

Nukleêr DNA is in nukleïnesoer en in polymearyske biomolekúl of biopolymear. It hat de struktuer fan in dûbele heliks, mei twa stringen dy't ominoarhinne wuolle sitte. Dy struktuer waard foar it earst beskreaun yn 1953, troch de molekulêr biologen Francis Crick en James D. Watson, op basis fan gegevens dy't sammele wiene troch harren froulike kollega Rosalind Franklin. Eltse string bestiet út in lange polymearekeatling fan harsels werheljende nukleotiden. Eltse nukleotide is opmakke út in sacharide fan fiif koalstofmolekulen, in fosfaatgroep en in organyske baze. Se wurde ûnderskaat yn fjouwer soarten: adenine en gûanine (mei-inoar purines neamd) en tymine en sytonine (mei-inoar pyrimidines neamd).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.