Nuenen, Gerwen en Nederwetten
| Nuenen, Gerwen en Nederwetten | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Nuenen, Gerwen en Nederwetten of Nuenen ca (cum annexis) is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei 24.256 (1 jannewaris 2024) ynwenners. De gemeente is ûnderdiel fan 'e Metropoalregio Eindhoven.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Nuenen, Gerwen en Nederwetten waard formeel op 1 jannewaris 1821 stifte. Dat barde troch de gearfoeging fan twa besteande gemeenten: de gemeente Nuenen en Gerwen en de gemeente Nederwetten en Eckart. By dy gearfoeging waard it doarp Eckart tafoege oan 'e gemeente Woensel, wylst Nederwetten by Nuenen en Gerwen foege waard. Sa ûntstie de nije gemeente mei de trijedielige namme, dy't oant hjoed-de-dei brûkt wurdt.[2]
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út de tsjerkedoarpen:
Fierder binne der in oantal buorskippen, wêrûnder: Opwetten, Boord, Eeneind, Stad van Gerwen en Olen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nuenen leit yn 'e Sintrale Delling, it Nederlânske diel fan 'e Roerdaldelling, en wurdt oan 'e westlike kant begrinzge troch de rivierdellingen fan 'e Lytse Dommel en de Dommel. De hichte is likernôch 13 meter en rint op nei mear as 17 meter op 'e mei nullebeammen begroeide sânrêgen yn it easten. Dêrtusken lizze ikkers en in leechlizzend gebiet dêr't Brabânske liem yn 'e ûndergrûn sit en dêr't popelbeammen set binne. Nei it suden wurdt de gemeente begrinzge troch it Eindhovensk Kanaal. It Wilhelminakanaal snijt de gemeente tusken Stad van Gerwen en Olen midstwa.
Yn 'e 20e iuw drige in anneksaasje troch de stêd Eindhoven, wêrfan Nuenen eins in foarstêd is. Dy anneksaasje gie net troch, mar der waard ôfpraat dat Nuenen in grut tal huzen bouwe foar Eindhoven moast en ek in grut yndustryterrein ûntwikkelje moast.
Van Gogh-erfskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It erfgoed fan 'e gemeente Nuenen, Gerwen en Nederwetten is fral ferbûn mei de skilder Vincent van Gogh, dy't dêr yn 'e jierren 1883-1885 wenne en wurke hat. It Van Gogh Village Museum fan Nuenen is oan 'e skilder wijd. Dêr makke er syn tige bekende skilderij: "De Aardappeleters". It Van Gogh-kuier- en fytspaad bringt minsken lâns de plakken dêr't Van Gogh libbe en wurke. De pastorije fan Nuenen wie it wenhûs fan 'e famylje Van Gogh en dus ek fan Vincent.
It gebou is fan bûten te besjen, yn in griene, rêstige omjouwing.

Fan 'e histoaryske monuminten binne it neamen wurdich de Opwettenske wettermûne en de Hooydonkske wettermûne fan Nuenen. De Roosdonck yn Nuenen is in rûne nôtmûne út 1884. De âlde Sint-Klemenstsjerke fan Gerwen is in 15e-iuwsk tsjerkegebou. Yn Nederwetten stiet de âlde toer, in goatyske, 15e-iuwske toer fan 'e ôfbrutsen midsiuwske tsjerke. De katolike Sint-Lambertustsjerke fan Nederwetten waard boud neffens ûntwerp fan Carl Weber yn 1875 yn neogotyske styl. Yn Nuenen stiet oan 'e râne fan it sintrum it Van Gogh-tsjerkje, in ienfâldich gebouwke út 1824. De Sint-Klemenstsjerke fan Nuenen is in neogoatysk tsjerkegebou fan 'e arsjitekt Carl Weber.
It eardere kleaster fan 'e Susters fan 'e Sosjéteit fan Jezus, Marije en Joazef (J.M.J.) yn Nuenen is hjoed-de-dei in kultureel sintrum. Súdeastlik fan Nuenen stiet it kastiel Soeterbeek, wêrfan't de oarsprong fan it kastiel werom giet op 1386.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De delling fan 'e Dommel is ryk oan wiete gebieten en greidefûgels.
- It natuergebiet Het Nuenens Broek leit tusken Nuenen en Nederwetten en is in wiet greidegebiet mei sleatten, sompen en broekbosk.
- Tusken de doarpen leit noch in soad lân dat agrarysk brûkt wurdt en it klassike Brabânske lânskip fertsjiintwurdiget .
- De gemeente is ûnderdiel fan it Van Gogh Nasjonaal Park.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste echte fytspaad fan Nederlân waard yn 1896 tusken Eeneind en stasjon Nuenen oanlein.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Gemeenten yn Noard-Brabân | |
|---|---|
| Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |

