Nu Boyana Film Studios
Nu Boyana Film Studios | ||
![]() | ||
algemien | ||
hist. namme | Studija za Igpalnja Filmi "Bojana" | |
nasjonaliteit | ![]() | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Sofia (Bulgarije) | |
oprjochte | 1962 | |
mem | Nu Image Millennium Films | |
offisjele webside | ||
nuboyana.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Bulgarije.
|
De Nu Boyana Film Studios, sa't it bedriuw him yn it Ingelsk ynternasjonaal presintearret (Bulgaarsk: Ню Бояна Филм, transliteraasje: Njû Bojana Film), binne in studiokompleks yn 'e Bulgaarske haadstêd Sofia. Nu Bojana waard oprjochte yn 1962 as in steatsbedriuw, en dat bleau it oant it yn 2005 oankocht waard troch de Amerikaanske filmstudio's Nu Image en Millennium Films. Yn 'e Nu Boyana Film Studios hawwe de opnamen plakfûn foar gâns grutte Westerske films en tillefyzjesearjes. Behalven it fasilitearjen fan 'e produksjes fan oare filmstudio's fungearret Nu Boyana sels ek as filmstudio troch aktyf mei te wurkjen oan 'e produksje fan films.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan 'e Nu Boyana Film Studios giet tebek oant 1962, doe't it kommunistyske regear fan 'e doetiidske Folksrepublyk Bulgarije besleat om in eigen filmstudio anneks studiokompleks op te rjochtsjen. Dat waard Студия за Игрални Филми „Бояна“ (Studija za Igpalnja Filmi "Bojana"), de "Studio foar Spylfilms "Bojana", ferneamd nei de wyk fan 'e haadstêd Sofia dêr't it kompleks boud waard. Tsientallen jierren waard it studiokompleks brûkt foar it meitsjen fan kommunistyske propagandafilms en spylfilms mei in boadskip dy't de kommunistyske machthawwers wolgefallich wie. Oant 1989 wie Bojana it grutste studiokompleks op 'e Balkan, dêr't elts jier 20 spylfilms, 25 tillefyzjefilms en 50 tekenfilms produsearre waarden.
Doe't yn 1990, nei it iepenbrekken fan it Izeren Gerdyn de Folksrepublyk Bulgarije opheft waard en de Republyk Bulgarije derfoar yn it plak kaam, gie de filmproduksje efterút nei 2 oant 5 film yn 't jier. Dy ôfname late ta oanboazjende finansjele swierrichheden. Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren waard it kompleks lykwols ûntdutsen troch bûtenlânske filmstudio's, dy't der relatyf goedkeap eigen produksjes draaie koene. It nije kapitalistyske regear fan Bulgarije besleat yn 1994 om Studija za Igpalnja Filmi "Bojana" om te setten yn in namleaze fennoatskip (N.V.), dêr't ek de Bulgaarske tekenfilmstudio Sofia en de filmstudio Obrabotka na Filmi yn opgiene. De oandielen fan it nije bedriuw bleaune lykwols foar 100% yn 'e hannen fan 'e steat, sadat it, wat eignerskip oangie, frijwol net fan it âlde steatsbedriuw te ûnderskieden wie. Yn 'e praktyk waard it bedriuw laat út it Bulgaarske Ministearje foar Kultuer wei.
Under druk fan 'e Jeropeeske Uny, dêr't Bulgarije doe noch in kandidaat-lid fan wie, waard yn 2001 úteinset mei in wier privatisearringsproses. Yn 2005 waard dat ôfrûne mei de ferkeap fan it studiokompleks, dat tenei in dochterûndernimming waard fan 'e Amerikaanske filmstudio's Nu Image en Millennium Films, twa fan 'e âldste ûnôfhinklike filmmaatskippijen út 'e filmyndustry fan Hollywood. Yn febrewaris 2007 waard it bedriuw omneamd ta Njû Bojana Film, wylst de Ingelske namme Nu Boyana Film Studios oanholden waard foar ynternasjonaal gebrûk. Yn 2020 waard yn Thermi, yn Grikelân, in soarte fan 'depindânse' fan 'e Nu Boyana Film Studios iepene ûnder de namme Nu Boyana Film Studios Hellenic.
Fasiliteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nu Boyana Film Studios binne boud op in backlot fan 30 ha. It eigentlike gebouwekompleks omfettet 10 soundstages foar binnendoaropnamen en fasiliteiten foar pre- en postproduksje. Dêrnjonken binne der ek ferskate fêste filmsets bûtendoar, wêrûnder strjitten yn New York, Londen en it Midden-Easten, ien mei de Londenske Sint-Pauluskatedraal en in hiele grutte set dy't it âlde Rome neibeart, kompleet mei in replika fan it Kolosseum.
Produksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Nu Boyana Film Studios opnommen binne:
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Nu Boyana Film Studios opnommen binne:
- Spartacus (2004)
- Ancient Rome: The Rise and Fall of an Empire (2006)
- Barbarians Rising (2016)
- Doctor Who (2016, 2020)
- Into the Night (2020)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder Einzelnachweise, op dizze side
|