Springe nei ynhâld

Novise

Ut Wikipedy
"De Novise" (1856)
skilderij fan James Sant (1820–1916)

In novise (Latyn: novice; "nijkommer") is immen dy't foar proef in tiid yn it kleaster libbet. Sa'n proeftiid wurdt novisiaat neamd. It tsjerklik rjocht ferplichtet sa'n proeftiid foardat de tydlike ûnthjitten ôflein wurde kinne.

It doel fan it novisiaat is om út te finen oft de ropping echt is, sawol foar de novise sels as foar de oarder. De klam leit op 'e persoanlike ûntwikkeling en ferdjipping fan it leauwe en it meidwaan oan it ritme fan gebed, wurk en stilte. In novise draacht faak kleasterklean, mar net altiten deselde klean as de leden fan 'e oarder. Meastentiids binne de klean fan novisen ienfâldiger. De novise kriget begelieding fan in magister novitiorum, in novisemaster of masteres.

It novisiaat duorret meast in jier oant yn guon gefallen twa jier. Nei ôfrin fan it novisiaat kin de novise beslute om it kleaster te ferlitten of trochgean en de tydlike ûnthjitten ôf te lizzen (foar 1 oant 3 jier). As letter de ivige ûnthjitten ôflein wurde wurdt immen folslein lid fan 'e oarder.

Njonken de proeftiid wurdt ek it kleaster dêr't novisen binne in novisiaat neamd. De kleasterregels hawwe bepalingen oer de gong fan saken yn it novisiaat.

Betingsten om in novise te wurden binne:

  • in leeftyd fan teminsten 17 jier,
  • hy of sy mei net troud wêze,
  • hy of sy moat in folwoeksen karakter ha,
  • der mei gjin twang fan bygelyks famylje in rol spylje, de kar foar it kleaster moat frij wêze,
  • der meie gjin bannen mei oare religieuze oarders wêze,
  • der moat in bewiis fan doop en foarmsel oerlange wurde.