Noveen

In noveen (fan it Latyn noveni, "njoggen elts") is in foarm fan gebed, dy't benammen yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke beoefene wurdt, wêrby't spesifike gebedens op njoggen opienfolgjende dagen útsprutsen wurde, om foarspraak fan in hillige of om in spesjale genede fan God te freegjen.
De oarsprong fan in noveen giet werom op 'e tiid fan njoggen dagen tusken de himelfeart fan Jezus en Pinkster en is roomsk, mar wurdt hjoed-de-dei ek beoefene yn 'e otterdokse, Anglikaanske en guon Lutherske tsjerken.
In noveen hat as doel om in spesifike yntinsje lykas in genêzing, help by in wiis beslút of by de tarieding in wichtich barren of in wichtige feestdei, lykas Peaske, Kryst of Pinkster. In noveen fan rou wurdt faak brûkt by it ferstjerren fan geastliken of wijde persoanen. Dêrnjonken binne der novenen foar de Jongfaam Marije en foar hilligen.
It gebed kin alle dagen fan 'e noveen itselde wêze, mar it kin ek bestean út in fêst diel en in diel dat alle dagen feroaret.
Pinkster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan 'e noveen is basearre op it Pinksterferslach yn Hannelingen 1:13–14, wêrneffens de apostels yn 'e boppeseal yn ôfsûndering en gebed libben nei de Himelfeart fan Kristus oant de Hillige Geast op har delkaam mei Pinkster.
Sûnt de baroktiid is de Pinksternoveen in fromme praktyk yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Op 9 maaie 1897 skreau paus Leo XIII yn syn ensyklyk Divinum illud munus in devoasje fan njoggen dagen yn alle parochytsjerken en oare geskikte tsjerken en kapellen foar. Mei de Algemiene Oarder fan it Liturgysk Jier (1969), inisjearre troch it Twadde Fatikaansk Konsily, waard de Pinksternoveen ferhege en makket dy no diel út fan 'e liturgy; sûnt dy tiid binne der spesifike teksten foar de Hillige Misse tusken de Himelfeart en Pinkster.
Noveenkjers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In noveenkjers is in kjers dy't njoggen dagen lang baarnd en symboal stiet foar in gebed of devoasjetiid dy't ek njoggen dagen duorret. De kjers wurdt oanstutsen foar spesifike gebedsyntinsjes of bygelyks mei Alderheljen om in ferstoarn persoan te betinken.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Novena fan Wikimedia Commons. |