Springe nei ynhâld

Notre-Dame-des-Fleurs

Ut Wikipedy

Notre-Dame-des-Fleurs ('Us Leaffrou fan 'e Blommen') is de debútroman fan 'e Frânske skriuwer Jean Genet, earst publisearre yn 1943. De frij streamende, poëtyske roman is in foar in grut part autobiografysk ferslach fan 'e reis fan in man troch de Paryske ûnderwrâld. De personaazjes binne delset nei harren echte tsjinhingers, dy't meast homoseksuelen binne dy't oan 'e râne fan 'e maatskippij libje.

Gearfetting fan it ferhaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De roman fertelt it ferhaal fan Divine, in travestyt dy't, as de roman begjint, ferstoarn is oan tuberkuloaze en dêrtroch hillich ferklearre is. De ferteller fertelt ús dat syn ferhalen foaral bedoeld binne om himsels te amusearjen wylst er syn straf yn 'e finzenis útsit. De tige eroatyske, faak eksplisyt seksuele, ferhalen wurde brûkt om by syn masturbaasje te helpen. Jean-Paul Sartre neamde it 'it epos fan masturbaasje'.

Divine wennet yn in souderkeamer mei útsjoch oer it tsjerkhôf fan Montmartre, dat se dielt mei ferskate leafdes, dêr't de wichtichste fan in pooier is mei de namme Mignon-les-Petits-Pieds. Op in dei bringt Mignon in jonge gangster en moardner mei nei hûs, dy't Notre-Dame-des-Fleurs neamd wurdt. 'Us Leaffrou' wurdt úteinlik arrestearre, berjochte en eksekutearre. Dea en ekstase begeliede de dieden fan elts personaazje, wylst Genet in opnij wurdearring fan alle wearden [1] útfiert, wêrtroch't ferrie de heechste morele wearde is en moard in hanneling fan deugd en seksuele oantrekkingskrêft.

Publikaasjeskiednis en ûntfangst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jean Genet (1983)

Notre-Dame-des-Fleurs waard yn 'e finzenis skreaun. Genet skreau it op blêden brún papier dy't finzenisautoriteiten oan finzenen joegen - mei de bedoeling dat se der sekken fan meitsje soene. Lykas Sartre fertelde yn syn foaropwurd foar Notre-Dame-des-Fleurs, ûntduts in sipier dat de finzene Genet dit "ûnautorisearre" gebrûk fan it papier makke hie, naam it manuskript yn beslach en ferbaarnde it. In dyste Genet skreau it allegear opnij. De twadde ferzje oerlibbe en Genet naam it mei doe't er de finzenis ferliet.

It boek, dat foar in grut part foltôge wie yn 1942, waard foar it earst anonym publisearre troch Robert Denoël en Paul Moribien oan 'e ein fan 1943, hoewol't mar sa'n 30 eksimplaren fan 'e earste edysje yn dat jier bûn waarden (de measten waarden yn augustus 1944, by de befrijing, bûn en ferkocht). De earste printing wie bedoeld foar ferkeap oan rike samlers fan erotika; it wurk waard ferspraat fia partikuliere ferkeaplisten en ûnder de toanbank. Mar Genet hat syn wurk nea as allinnich pornografy bedoeld en hat letter mear grafyske passaazjes fuorthelle. Yn novimber 1943 stjoerde er in eksimplaar fan 'e earste printing nei Marc Barbezat, útjouwer fan it literêre tydskrift L'Arbalete, dy't it boek yn 1944 en nochris yn 1948 publisearre. Genet hat de roman revisearre doe't it yn 1951 troch Gallimard útjûn waard; de Gallimard-edysje lit guon fan 'e mear pornografyske passaazjes yn 'e roman wei. Lettere L'Arbalete-edysjes befetsje in oantal lytsere feroaringen.

De roman waard opdroegen oan de feroardielde en eksekutearre moardner Maurice Pilorge.

Literêre ynfloed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De roman hie in enoarme ynfloed op 'e Beatgeneraasje, mei syn frij streamende, tige poëtyske taal mingd mei argot/slang, en syn fiering fan minsken oan ûnderkant fan de maatskippij en eksplisite beskriuwingen fan homoseksualiteit. It is elegant transgressyf, en syn selsrefleksive aard foarseit de oanpak fan taal dy't letter ûntwikkele waard troch de poststrukturalisten. Jacques Derrida skreau oer Genet yn syn boek Glas, en Hélène Cixous neamde syn wurk as in foarbyld fan écriture feminine. Jean-Paul Sartre skreau syn ferneamde biografy Saint Genet as in analyze fan Genet syn wurk en libben, mar benammen fan Notre-Dame-des-Fleurs. Notre-Dame-des-Fleurs makke Genet, teminsten neffens Sartre syn betinken, in foarbyld fan it eksistinsjalisme en benammen in belibbing fan 'e opfettings fan dy filosofy oer frijheid.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Umwertung aller Werte is in konsept fan de filosofy fan Friedrich Nietzsche