Normanton (Rutland)

Ut Wikipedy
Sint-Mattéustsjerke

Normanton is in doarp oan de eastlike kust fan de opslachmar Rutland Water yn it greefskip Rutland yn de East Midlands fan Ingelân. It ynwennertal is minder as 100.

Normanton Park, 1818
John Preston Neale (1780-1847)

Normanton Hall wie de sit fan de greven fan Ancaster. Yn de eardere stâlen fan it lângoed is no it Normanton Park-hotel ûnderbrocht. Yn de 18e iuw waard it doarp romme om in park oan te lizzen foar de bewenners fan it lângoed. De ynwenners ferhûzen foaral nei Empingham.

Yn de jierren 1970 kaam it gebiet ûnder wetter te stean troch de foarming fan de opslachmar Rutland Water.

Sint-Mattéustsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De St Matthew's Church is in klassistysk monumint. De toer en de westlike portiko waarden tusken 1826 en 1826 boud troch Thomas Cundy Jr. en is basearre op it ûntwerp fan de St John's, Smith Square yn Westminster, wylst it tsjerkeskip en de apsis yn 1911 boud waarden troch J.B. Gridley út Londen.

De tsjerke waard ea boud as in priveekapel foar de bewenners fan it lângoed Normanton. Yn 1970 waard de tsjerke bûten gebrûk steld. It gebou soe foar de oanlis fan de opslachmar ôfbrutsen wurden om't de flier ûnder it wetternivo kaam te lizzen, mar de plannen feroarsaken grutte opskuor ûnder de befolking. De lilkens liede ta in feroaring fan de plannen en yn stee fan sloop waard der om de tsjerke oant de hichte fan krekt ûnder de ramen in betonnen ommanteling mei in daam fan pún en stien oanlein.

Yn de eardere tsjerke waard in museum fêstige oer de skiednis fan Rutland Water, dat no yn it besikerssintrum ûnderbrocht is. Tsjintwurdich is de tsjerke in troutsjerkje en wurde der konserten holden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Normanton, Rutland