Springe nei ynhâld

Norman Gibat

Ut Wikipedy

Norman Edlo Gibat (Fostoria, 30 oktober 1929 - dêre, 14 desimber 2012) wie in Amerikaanske ict’er, skriuwer en puzelmakker. [1]

Norman Gibat wie de soan fan Effie Pearl (Notestine) Gibat en Gustaf Gibat. Tsjin it advys fan âlden en learkrêften yn gie Norman yn syn earste jier oan de Fostoria High School fan skoalle, mar dat hindere him net om letter mei syn oplieding troch te gean. Letter foltôge er syn middelbere skoalle fakken en krige er syn diploma. [2] Gibat studearre wiskunde en elektrotechnyk de universiteit fan Oklahoma City University en gie nei it Graduate College fan de Universiteit fan Oklahoma yn Norman. Hy tsjinne yn it Amerikaanske Marine Corps yn 'e Koreaanske tiid. Ek joech er radar- en antennekursussen oan 'e Federal Aviation Administration op Will Rogers World Airport nei't er jûnslessen folge hie op Loftmachtbasis Tinker.

Syn earste stap wie it opsetten fan de drukkerij Popular Topics Press. Dêrwei wreide er út yn de oankeap, werbou en trochferkeap fan healsliten printapparatuer. De folgjende stap wie om de nije en rap evoluearjende kompjûterwrâld yn te gean, kompjûters te ferkeapjen en kompjûtersystemen op te setten foar bedriuwen en yndustry.

Yn 1973 begûn er yn Foresta yn Ohio in bedriuw dat tsjinsten levere op it mêd fan ynformaasjetechnology 'Noguska Industries'. [3] De namme wie gearstald út de nammen fan de oprjochters: Norman, Gus en Kathleen . Al syn bedriuwen wiene famyljebedriuwen.[4]

Earste Wurdsiker

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1968 oant 1971 hie hy in drukkerij yn Norman dat it reklamebledsje Selenby Digest makke. [5] De namme fan de flyer stie eins foar 'buy and sell' en wie fergees te krijen by Safeway, TG&Y en oare winkels. De earste wurdsiker fan Gibat ferskynde yn de útjefte fan 1 maart 1968. Neffens de puzelregels fan Gibat mochten de ferburgen wurden omheech of omleech, diagonaal en foarút of efterút rinne. De spilers moasten de wurden yn de puzel omsirkelje. Hy neamde syn puzelsoarte 'Oklahoma-anagram’. De wurdlist bestie út nammen fan stêden en doarpen fan de eardere steat Oklahoma. It letterfjild hie in ôfmjitting fan 22x14 sm. (8,5 x 5,5 inch)[6] Yn de twadde puzel brûkte er de strjitten fan Norman. Syn doel wie om it minsken wat makliker te meitsjen at se yn de rige stiene te wachtsjen by de supermerk.

Koart nei de útjefte fregen in pear learkrêften him om kopyen foar harren learlingen, sadat se de puzels as lesmateriaal brûke koene. Ien fan 'e learkrêften sei dat se eksimplaren stjoerde nei freonen en sibben út oare stêden, dy't ek leararen wiene. It Oklahoma-diagram krige letter ferskate nammen, lykas Circle Circle, Seek and Circle, Search a Word, Word Find en Word Seek.

De wurdpuzel blykte folle populêrder te wêzen as de ynhâld fan it bledsje. Gibat besocht de publikaasje rendabel te meitsjen, mar dat slagge net. Hy stoppe yn 1970 mei de Selenby Digest en mei it publisearjen fan wurdpuzels. It koste him tefolle muoite om alle kearen mei nije puzels te kommen. Oft de puzel fan Gibat de alderearste wurdsiker wie is net hielendal seker. De puzelsoarte is net patintearre en dat wie ek de reden wêrtroch't wurdsikers sa fluch ferspraat rekken oer de wrâld. [7] Meidat de rjochten op de namme wurdsiker nea fêstlein binne bestiet der net ien fêste namme foar dizze puzelsoarte.

Norman Gibat ferstoar yn 2012.[8]

Neist in tal lytsere publikaasjes ferskynden:

  • Making Wine, Beer & Merry (1973)
  • The Lore of Still Building: or getting to know your local sherrif. A primer on the production of alcohol for food and fuel; mei Kathleen Howard (1973) [9]
  • Broken Ties ISBN: 978-1884111099
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsjes
  1. Find a grave, besjoen op 3 febrewaris 2023
  2. OCU Lists Winter Graduates, Oklahoma City Times, 17 jannewaris 1963
  3. Webside Noguska
  4. The Enterprising Gibat family, Fostoria Area Historical Society, 13 maaie 1982
  5. Puzzelclub België
  6. Educatieve Woordzoekers – Spaanse woorden leren, Danny Demeersseman
  7. Cuál es el origen de la sopa de letras, La Nacion, 6 maaie 2024
  8. Find a grave
  9. Oer Gibat en syn frou