Springe nei ynhâld

Normaalspoar

Ut Wikipedy
In spoarline mei normaalspoar

Mei normaalspoar wurde spoar- en tramwegen bedoeld, mei in spoarwiidte fan almeast 1435 milimeter, oarspronklik 4 Ingelske foet en 89 Ingelske tomme. Dat is oer de hiele wrâld de meast foarkommende spoarwiidte. Dy spoarwiidte giet werom ta houten spoaren dy't yn de Ingelske mynbou brûkt waarden om de weinen te lieden. George Stephenson brûkte deselde spoarwiidte doe't er yn 1825 de Stockton and Darlington Railway iepene. Sûnt dy tiid is dy spoarwiidte útgroeid ta in soarte fan standert foar spoarwegen, earst yn Ingelân, letter ek op oare plakken yn Europa, dêr't earst noch ûnderskate maten breedspoar brûkt binne. Yn guon lannen, wêrûnder yn Spanje, Portegal en de eardere Sovjet-Uny wurdt noch hieltyd breedspoar brûkt. Yn Nederlân bestean (ôfsjoen fan in tal museumlinen op smelspoar) allinnich noch mar normaalspoarige spoar-, metro- en tramlinen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL