Springe nei ynhâld

Norddorf auf Amrum

Ut Wikipedy
Norddorf auf Amrum / Noorsaarep
Lokaasje fan 'e gemeente Norddorf auf Amrum (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje fan 'e gemeente Norddorf auf Amrum (read) yn Noard-Fryslân.
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtFöhr-Amrum
Sifers
Ynwennertal526 (31.12.2024)[1]
Oerflak5,89 km²
Befolkingsticht.89 ynw./km²
Hichte0 m
Oar
Postkoade25946
Offisjele webside
www.amtfa.de
Kaart
Norddorf auf Amrum (Sleeswyk-Holstein)
Norddorf auf Amrum

Norddorf (Noardfrysk: Noorsaarep, Deensk: Nordtorp) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein op it eilân Amrum. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Föhr-Amrum en hat 526 ynwenners (2024).

It brede strân fan Amrum.

Oan 'e kant fan 'e westlike kust leit in 15 km lang en oant 1,5 km breed strân foar it eilân mei de namme Kniepsand. It liket oft dat strân by Amrum heart en it rint oer yn 'e dunerige. Geologysk is it lykwols gjin ûnderdiel fan Amrum. Yn 'e rin fan 'e kommende iuwen wurdt ferwachte dat it Kniepsand fierder om 'e noardlike punt fan Amrum hinne bûgje sil. It Kniepsand wurket as in natuerlike eilânbeskerming by stoarmfloeden en leveret in soad sân op foar it opbouwen fan 'e dunen.

Winterdeis strûpt it Kniepsand regelmjittich ûnder wetter troch hege stoarmfloeden. Dêrby wurde faak dunen dy't simmerdeis ûntstiene wer weislein.

Norddorf is tegearre mei Süddorf de âldste fan 'e doarpen op Amrum. Yn 1890 stifte Friedrich von Bodelschwingh yn en benoarden Norddorf in oantal sanatoaria, dy't it karakter fan it plak foar in lang skoft bepaalden. Yn 2001 waard Hospiz I, dat sawat in kilometer benoarden it doarp stie, ôfbrutsen. De oare sanatoaria besteane hjoed-de-dei ek net mear of wurde foar oare doelen brûkt.

Op 25 july 1925 makke Norddorf him los út de gemeente Amrum, dy't op dat stuit it hiele eilân omfieme útsein Wittdün. De gemeente Norddorf waard doe as nije bestjoerlike ienheid stifte. Yn itselde jier baarnde in grut part fan it doarp ôf, wêrtroch't it doarpsbyld sûnt dy tiid foaral bepaald wurdt troch nijere huzen sûnder reiden tekken.

Kuerpark Norddorf.

In eardere haven noardlik fan it eilân moast troch de fersâning tsjin de ein fan 'e jierren 1930 opjûn wurde.

Mei de stifting fan in kueroard yn 1956 krige Norddorf de status fan seekueroarde. Op 27 april 2009 krige de gemeente de tafoeging auf Amrum.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje