Noorduyn Norseman
| Noorduyn Norseman | |
|---|---|
| Rol | Ferkearsfleantúch |
| Makker | Noorduyn Aircraft Ltd |
| Untwerper | Robert Noorduyn |
| Earste flecht | 14 novimber 1935 |
| Yn tsjinst | 1935 |
| Ut tsjinst | Operasjoneel |
| Tal makke | 904 (1935–1959) [1] |
| Grutste brûkers | USAAF, RCAF en eksploitanten fan bushfleantugen |

De Noorduyn Norseman, ek wol oantsjut as de C-64 Norseman, is in Kanadeeske heechdekker bush plane mei ien motor ûntwurpen troch Robert Noorduyn. De Norseman waard boud troch Noorduyn Aircraft Ltd. It tastel makke syn earste flecht op 14 novimber 1935. [2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei wurke te hawwen foar Fokker, Bellanca en Pitcairn-Cierva, besleat Robert Noorduyn om syn Noorduyn Norseman fleantúchûntwerp sels te produsearjen. Tegearre mei Walter Clayton rjochte hy yn 1934 de Noorduyn Aircraft Ltd fleantúchfabryk op.
Nei de earste flecht waarden de earste modellen eksploitearre troch Dominion Skyways, dat letter ûnderdiel waard fan Canadian Pacific Air Lines. Yn 'e folgjende fiif jier ferkocht Noorduyn noch mar santjin fleantugen, oan kommersjele loftfeartbedriuwen en ek oan 'e Royal Canadian Mounted Police. Nei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch naam de fraach nei de militêre ferzje fan it fleantúch bot ta.
De Royal Canadian Air Force bestelde 38 tastellenen foar radio- en navigaasjetraining ûnder it Empire Air Training Scheme. De United States Army Air Forces evaluearren yn earste ynstânsje sân YC-64-modellen, dy't mids 1942 levere waarden. Dêrnei pleatsten se in bestelling foar 746 fan it C-64A-model. Under de Lend-Lease Act waarden 34 fan 'e fleantugen levere oan 'e RCAF en 43 oan oare Alliearde loftmachten. Trije waarden levere oan 'e United States Navy as de JA-1.
Aeronca soe de C-64A ek produsearje, mar dat waard annulearre. Se levere yn 1943 seis C-64B's oan it Engineering Corps. It fleantúch waard meast brûkt as passazjiers- of frachtfleantúch, mar it waard ek brûkt foar kommunikaasje of om slachtoffers te evakuearjen. De produksje fan 'e Norseman waard pas yn 1946 beëinige troch Noorduyn. De produksje waard doe oernommen troch de Canadian Car and Foundry Company. It lêste fan 918 Norseman-fleantugen waard earst yn jannewaris 1960 foltôge. It lêste kommersjele model stie bekend as de Norseman V.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amerikaanske komponist en bandlieder Glenn Miller soe ferstoarn wêze oan board fan in Norseman dy't sûnder in spoar ferdwûn is by in flecht oer It Kanaal en nea weromfûn is.
De Kanadeeske mienskip fan Red Lake, Ontario, wurdt beskôge as de Norseman-haadstêd fan 'e wrâld. Allinnich al yn Kanada wiene dêr yn oktober 2018 noch 40 fleantugen fan ferskate modellen registrearre.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Type: Norseman Mark V
- Bemanning: 1
- Maximum oantal passazjiers: 10
- Lingte: 9,86 m
- Spanwiidte: 15,70 m
- Hichte: 3,07 m
- Fleugelprofyl: NACA 2412
- Fleugeloerlak: 30,2 m²
- Gewicht leech: 1923 kg
- Maks. gewicht: 3357 kg
- Brânstofkapasiteit: 450 liter + opsjoneel 170 liter.
- Motor: 1× Pratt & Whitney R-1340-AN1 njoggensilinder stjermotor, 600 hk (450 kW)
- Propeller: Hamilton constant-speed mei trije blêden, diameter 2,76 m
Prestaasjes:
- Maksimumfaasje: 249 km/o
- Krúsfaasje: 210 km/o
- Stalfaasje: 109 km/o
- Klimfaasje: 3 m/s
- Plafond: 5200 m
- Fleanberik: 1500 km
Ferlykbere fleantugen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kar-ut:
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Don Magnusson en Roy Dishlevoy The Noorduyn Norseman
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Noorduyn Norseman fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
