Springe nei ynhâld

Noord Nederlandse Tankopslag

Ut Wikipedy

De Noord Nederlandse Tankopslag (ôfkoarte: NNT), ek wol: Noord Nederlandse Tankopslag Ucon, is in opslachlokaasje foar brânstoffen op Yndustryterrein Houkesleat yn Snits.

It opslachplak leit oan de Einsteinstrjitte en ynstekhaven en is eigendom fan Ucon. Op it terrein sit 'Wiersma Oalje & Technyk' en der binne meardere opslachtanks foar brâstoffen. Dêrneist is der in Shell-tankstasjon foar frachtweinen. It terrein is sirka 1 hektare grut.

De NNT kaam yn 2011 yn it nijs nei in ûndersyk fan steatsekretaris Joop Atsma nei oanlieding fan de brân yn Moerdijk. Dêrút blykte dat de NNT net foldocht oan feilichheideasken foar risikofolle bedriuwen.[1]

Yn 2012 waard fêststeld dat alle lekken en brekken oplost wiene.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Algemeen Dagblad, 15 juny 2011: Er zijn nog 12 'Chemie-Packs' in Nederland
  2. Sneeker Nieuwsblad, 13 maart 2012: Tankopslag Sneek weer veilig