Springe nei ynhâld

Noard-Fryske Lokaalspoarwei-Maatskippij

Ut Wikipedy
Noard-Fryske Lokaalspoarwei-Maatskippij
Fabryksnije stoomlokomotief nr. 1 fan de NFLS, letter nr. 1051 (HSM) en dêrnei nr. 7101 (NS).
Fabryksnije stoomlokomotief nr. 1 fan de NFLS, letter nr. 1051 (HSM) en dêrnei nr. 7101 (NS).
Algemiene Ynformaasje
Lân Nederlân
Haadfêstiging Ljouwert
Aktyf fan31 maaie 1899
Opheffing1 jannewaris 1935
Reden opheffingfinansjele tsjinslach
Bedriuwsstruktuer
Memmebedriuw Nederlandse Spoorwegen (krige regy foar sluting)
Behear
TrajektenLjouwert- Eanjum (Dokkumer Lokaeltsje),

Stiens - Harns,
Tsjummearum - Frjentsjer

StasjonsHalte Ljouwert, Jelsum, Stiens, Finkum, Hijum, Hallum, Marrum-Westernijtsjerk, Ferwerd, Lokkich, Holwert, Ternaard, Hantum, Dokkum-Ealsum, Metslawier, Morra-Ljussens, Eanjum, Buerstermûne, Froubuorren, Sint-Anne, Sint-Jabik, Minnertsgea, Tsjummearum, Doangjum, Frjentsjer Halte, Easterbierrum, Seisbierrum-Pitersbierrum, Winaam, Mullum-Hjerbeam
Trajektlingte78,1 km

De Noard-Fryske Lokaalspoarwei-Maatskippij (NFLS) waard oprjochte op 31 maaie 1899 yn Ljouwert. Dizze maatskippij lei normaalspoarige lokaalspoarlinen oan benoarden de Fryske haadstêd. Ut Ljouwert wei rûn der in line nei Stiens, dêr't dy him splitste yn in eastlike en westlike takke.

Nei de splitsing yn Stiens gie de westlike takke fia ûnder oare Sint-Anne en Tsjummearum nei Harns mei in sydtakke nei Frjentsjer (sjoch spoarline Stiens - Harns en spoarline Tsjummearum - Frjentsjer). De eastlike takke (it 'Dokkumer lokaaltsje') gie nei Stiens fierder yn de rjochting fan ûnder oare Ferwert, Ternaard, Dokkum-Ealsum en it einpunt Mitselwier en Eanjum.

De NFLS wie yn har fersoargingsgebiet in direkte konkurrint fan de Nederlânske Tramwei Maatskippij, dy't normaalspoarige tramlinen boude en eksploitearre yn hiel Fryslân.

De NFLS hie in maatskiplik kapitaal fan 1.100.000 gûne, ferdield yn oandielen fan elk 1000 gûne. Der wiene 1100 oandielen.

Standerttype NFLS

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Standerttype NFLS is in stasjonsûntwerp dat brûkt waard foar ferskate spoarstasjons yn Fryslân. De stasjons waarden allegear begjin 20e iuw boud en hawwe likernôch 30 oant 40 jier tsjinst dien as stasjon.

  • 22 april 1901: Ljouwert – Ferwert
  • 2 oktober 1901: Ferwert – Mitselwier
  • 2 desimber 1902: Stiens – Tsjummearum
  • 1 oktober 1903: Tsjummearum – Frjentsjer Halte en Tsjummearum – Midlum-Herbeidjum
  • 2 maaie 1904: Midlum - Hjerbeam - Harns SS
  • 24 augustus 1913 Mitselwier – Eanjum

De eksploitaasje, dy't ynearsten troch de NFLS sels útfierd waard, waard fan 1 desimber 1905 ôf oernommen troch de HSM.

Op 1 jannewaris 1935 waard de NFLS troch de Steat nasjonalisearre en giene de linen oer nei de Nederlânske Spoarwegen (NS).

Dêrnei fûn der sluting (en foar in part weriepening) fan linegedieltes plak:

  • 8 oktober 1933: sluting Tsjummearum – Frjentsjer, dêrnei opbrutsen
  • 15 maaie 1935: sluting Tsjummearum – Harns foar reizgersferfier
  • 15 maaie 1935: sluting Dokkum-Aalsum – Eanjum, dêrnei opbrutsen
  • 15 maaie 1936: sluting Stiens – Tsjummearum foar reizgersferfier
  • 1 july 1936: sluting Ljouwert – Dokkum-Ealsum foar reizgersferfier
  • 11 jannewaris 1938: sluting Midlum-Hjerbeam – Harns foar frachtferfier, dêrnei opbrutsen
  • 28 maaie 1940: weriepening Ljouwert – Dokkum-Ealsum foar reizgersferfier
  • 28 maaie 1940: weriepening Stiens – Tsjummearum foar reizgersferfier
  • 1 desimber 1940: sluting Ljouwert – Dokkum-Ealsum foar reizgersferfier
  • 1 desimber 1940: sluting Stiens – Tsjummearum foar reizgersferfier
  • 30 oktober 1942: sluting Tsjummearum – Midlum-Hjerbeam foar frachtferfier, dêrnei opbrutsen
  • 7 desimber 1961: sluting Minnertsgea – Tsjummearum foar frachtferfier, dêrnei opbrutsen
  • 4 maaie 1966: sluting Mooie Paal oansluting – Berltsum (eardere NTM-tramline) foar frachtferfier, dêrnei opbrutsen
  • 27 septimber 1971: sluting Stiens – Minnertsgea foar frachtferfier
  • 1973: sluting Holwert – Dokkum-Ealsum foar frachtferfier
  • 1975: sluting Stiens – Holwert foar frachtferfier
  • 1978: Holwert – Dokkum-Ealsum opbrutsen
  • 1980: Stiens – Holwert opbrutsen
  • 1980: Stiens – Minnertsgea opbrutsen
  • 1995: sluting Ljouwert – Stiens foar frachtferfier
  • 1997: lêste rit Ljouwert – Stiens
  • 2006: opbrekken fan earste part Ljouwert – Stiens, de spoaren op it yndustryterrein by it emplassemint Ljouwert
  • 2011: opbrekken fan lêste part Fleanbasis-Jelsum-Stiens. Op inkele plakken binne noch wat oerbliuwsels te finen (ûnder oare Westerein Ljouwert; kuierpaad tusken it spoar).

Stasjons fan de NFLS

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stasjon Iepene Sluten Spoarline Opmerking
Blije 1901 1940 Dokkumer Lokaeltsje
Buerstermûne 1902 1940 Spoar Stiens - Harns
Doanjum 1903 1933 Spoar Tsjummearum - Frjentsjer
Dokkum-Ealsum 1901 1940 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt yn 1974.
Eanjum 1913 1935 Dokkumer Lokaeltsje
Easterbierrum 1903 1935 Spoar Stiens - Harns It gebou waard sloopt yn 1980.
Ferwert 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt yn 1974.
Feinsum 1900 1932 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt yn 1931.
Frjentsjer Halte 1903 1933 Spoar Tsjummearum - Frjentsjer
Froubuorren 1902 1940 Spoar Stiens - Harns It gebou waard sloopt yn 2002.
Hallum 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt tusken 1970 & 1974.
Hantum 1901 1940 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt yn 1960.
Holwert 1901 1940 Dokkumer Lokaeltsje
Hijum 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje
Jelsum 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje Ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich
Ljouwert Halte 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje It gebou waard sloopt yn 1970.
Marrum-Westernijtsjerk 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje pankoekrestaurant
Minnertsgea 1902 1940 Spoar Stiens - Harns
Mitselwier 1901 1935 Dokkumer Lokaeltsje
Morra-Ljussens 1913 1935 Dokkumer Lokaeltsje
Mullum-Hjerbeam 1903 1935 Spoar Stiens - Harns
Stiens 1900 1940 Dokkumer Lokaeltsje,
Spoar Stiens - Harns
Seisbierrum-Pitersbierrum 1903 1935 Spoar Stiens - Harns
Sint-Anne 1902 1940 Spoar Stiens - Harns
Sint-Jabik 1902 1940 Spoar Stiens - Harns It gebou waard sloopt yn 1960.
Ternaard 1901 1940 Dokkumer Lokaeltsje
Tsjummearum 1902 1940 Spoar Stiens - Harns,
Spoar Tsjummearum - Frjentsjer
Winaam 1903 1935 Spoar Stiens - Harns
Boarnen, noaten en/as referinsjes: