Nomen dubium
In nomen dubium (meartal: nomina dubia; Latyn foar "twifelige namme") is yn 'e binomiale nomenklatuer fan 'e soölogy in wittenskiplike namme dy't fan ûnbekende of twifelige tapassing is.
Yn 'e soölogy komt it soms foar dat de oarspronklike typesearje fan in soarte (holotype, isotype, syntype of paratype) wei rekket of ferneatige wurdt (bgl. by in brân). It wurdt dan in nomen dubium, om't it neitiid dreech is om te sizzen oft in spesimen ta dy soarte heart of net. De Ynternasjonale Koade foar Soölogyske Nomenklatuer (ICZN) stiet yn sa'n gefal ta dat der in nij spesimen, in neotype, as type keazen wurdt.
In wittenskiplike namme kin ek as in nomen dubium beskôge wurde as it nammedragende type mar út in fragmint bestiet en/of wichtige diagnostyske skaaimerken mist. Dat komt gauris foar by soarten dy't inkeld as fossilen bekend binne. Om 'e stabiliteit fan wittenskiplike nammen te behâlden, kin ûnder de ICZN, as der in better fossyl fûn wurdt, ek yn sa'n gefal tastien wurde dat der in neotype as nij type keazen wurdt.
Yn 'e botanyske Ynternasjonale Koade fan Nomenklatuer foar algen, skimmels en planten (ICN) hat de term nomen dubium gjin status. Op ynformele basis wurdt de oantsjutting lykwols al brûkt, wat ta betizing liede kin. De korrespondearjende formele term yn 'e botany foar sa'n soarte wittenskiplike namme is nomen abiguum (Latyn foar "namme dy't foar mearderlei útlis fetber is").
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |