Noashoarnalk
| Noashoarnalk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cerorhinca monocerata | ||||||||||||
| Pallas, 1811 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel net-briedfûgel |
De noashoarnalk (Cerorhinca monocerata) is in fûgel út 'e famylje fan 'e alkfûgels (Alcidae). It is de iennige soarte yn it skaai (Cerorhinca).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noashoarnalk is in fûgel dy't likernôch sa grut is as in do (35 oant 38 sm). Hy hat in stevich, knobsk bealchje en in tige opfallende oranjegiele snafel mei in hoarn op 'e basis. Dy hoarn groeit allinnich yn 'e briedtiid en falt der dêrnei wer ôf. Yn it tsjuster jout dy hoarn ûnder ultrafiolet ljocht ek noch in fluorissearjende skimering.
It fearrekleed is yn 'e briedtiid boppe foar it grutste part donkergriis oant brúngriis en ljochter griis op it boarst. Op 'e kop hat er twa opfallende wite streken (as in soarte fan snor en wynbrau) dy't fan 'e snaffel en it each nei efteren rinne. Bûten de briedtiid is de fûgel doffer, hat er gjin hoarn en binne de snor en de wynbrau net te sjen.
De eagen binne ljochtgiel en de poaten binne gielich mei donkere swimfluesen tusken de teannen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noashoarnalk komt foar oer de hiele breedte fan 'e noardlike Stille Oseaan. De fersprieding kin ferdield wurde yn it briedgebiet en it oerwinteringsgebiet.
Se briede yn koloanjes op eilannen oan 'e kust fan sawol Noard-Amearika as Aazje. Likernôch de helte fan 'e wrâldpopulaasje briedt op 'e eilannen fan Britsk-Kolumbia. Bûten de briedtiid libje se op iepen see en de Amerikaanske fûgels oerwinterje fan Britsk-Kolumbia oant sa fier nei it suden as Baja California yn Meksiko en de Aziatyske fûgels wurde winterdeis yn 'e Japanske See en de Eastsineeske See waarnommen.
De fûgel wurdt as in monotypyske soarte behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdielling yn ûndersoarten bestiet.
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels grave foar it nêst tunnels fan 1 oant 3 meter yn 'e grûn, leafst op skeane hellingen. Noashoarnalken binne trou oan inoar en komme alle jierren faak werom nei itselde hol om te brieden. It wyfke leit mar ien aai yn 't jier, dat wyt is mei ljochtpearse plakjes. Beide âlden briede yn 42 oant 46 dagen it aai út. De piken wurde allinnich nachts fuorre om rôffûgels te mijen. It is tige nijsgjirrich hoe't dy fûgels yn it roettsjuster tusken tûzenen identike gatten harren nêst werom fine. Mooglik spilet de fluorisearjende snaffel dêrby in rol.
Nei 40 oant 70 dagen ferlit de jonge fûgel nachts it nêst om nei de see te gean. Se binne dan fuortendaliks selsstannich op it wetter.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De noashoarnalk hat de status net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN. De wrâldpopulaasje wurdt op likernôch 1,5 oant 3 miljoen folwoeksen fûgels rûsd en hoewol't de soarte net fuortendaliks mei útstjerren bedrige wurdt, nimme de oantallen yn guon gebieten wol ôf. De fûgels reitsje gauris betiizge yn fisknetten wêrtroch't se ferdrinke. Op eilannen dêr't se briede binne rotten, foksen en waskbearen útset dy't de aaien of piken opfrette. En fierders binne oaljelekkaazjes of oare fersmoarging in probleem foar de fûgel.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

