Springe nei ynhâld

Noardwestlike hartemûs

Ut Wikipedy
noardwestlike hartemûs
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljewrotmûseftigen (Cricetidae)
skaaiwytpoatmûzen (Peromyscus)
soarte
Peromyscus keeni
Rhoads, 1894
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De noardwestlike hartemûs (wittenskiplike namme: Peromyscus keeni) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke komt foar oan 'e noardwestkust fan Noard-Amearika. It is in solitêr libjend nachtdier mei in omnivoar dieet. De IUCN klassifisearret de noardwestlike hartemûs as net bedrige.

De noardwestlike hartemûs waard foar it earst yn 1894 wittenskipkik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Samuel Nicholson Rhoads. Hy joech it bistke de wittenskiplike namme Peromyscus keeni. Dat wie in earbetoan oan 'e Ingelske anglikaanske sindeling John Henry Keen (18511950), dy't op 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen mank de Haida wurke en yn syn frije tiid aktyf wie as amateur-entomolooch. Lange tiid waard de noardwestlike hartemûs as in kloft ûndersoarten fan 'e eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus) beskôge. Mar op basis fan genetysk ûndersyk, dêr't út bliek dat it om in selsstannige soarte gie, waard er dêr yn 2005 fan ôfspjalten.

Yn syn fersprieding is de noardwestlike hartemûs beheind ta de noardwestkust fan it Noardamerikaanske kontinint. Dit bist komt foar yn 'e Amerikaanske steat Washington, de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, Súdeast-Alaska en it súdwesten fan 'e Yukon. Ta it ferspriedingsgebiet hearre ek de eilannen foar de kust, lykas de Aleksanderarsjipel yn Alaska en de Keninginne Sjarlotte-eilannen en it grutste part fan Vancouvereilân yn Britsk-Kolumbia.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De noardwestlike hartemûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7–13,7 sm, mei in sturtlingte fan 7–12,6 sm en in gewicht fan 15–52 g. De earen binne frij grut, mei in lingte fan 1,2–2,6 sm, wylst de efterpoaten 1,9–3,2 sm mjitte. De populaasjes mei de grutste eksimplaren komme foar op 'e eilannen fan 'e Aleksanderarsjipel en de Keninginne Sjarlotte-eilannen. Dat is in foarbyld fan eilânreuzegroei. Noardwestlike hartemûzen hawwe lange snorhierren.

De pels fariëarret op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke en rêch) fan ljochtbrún en readbrún oant dûnkerbrún en dûnkergriis. By guon eksimplaren rint der in suver swarte streek oer de wringe. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poatsjes) binne ljochtgriis oant wyt. Oer de wangen en de siden rint in skerpe demarkaasjeline tusken de beide kleurflakken. Dy set him fuort op 'e sturt, dy't ek ferdield is yn in dûnker boppepart en in ljochter ûnderste diel.

Noardwestlike hartemûzen komme fral foar yn wâlden sûnder ticht blêdetek en oan 'e boskrânen. Se libje ek faak op iepen plakken yn bosken. Ut en troch wurde se oantroffen yn kultuerlânskippen..

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De noardwestlike hartemûs is in nachtdier dat it grutste part fan it jier in solitêr bestean liedt. Hy is net sa territoriaal as in protte oare wytpoatmûzen, hoewol't mantsjes faak wol agresje toane foar oare mantsjes oer. Wyfkes binne inkeld agressyf as se drachtich binne.

Noardwestlike hartemûzen plantsje har fuort fan maart oant en mei oktober. Biologysk soene se har grif skoan, lykas har súdliker libjende sibben, it hiele jier rûn fuortplantsje kinne, mar de itenskrapte by 't winter komt dat foar. Likegoed kinne de wyfkes noch ferskate nêsten fan 3–5 jongen yn 't jier smite. De draachtiid duorret by dizze soarte likernôch 24 dagen. De jongen komme blyn, keal en helpleas te wrâld, mar ûntjouwe har tige fluch. Mei likernôch 21 dagen wurde se ôfwûn en de wyfkes kinne 35–42 dagen nei har eigen berte al foar de earste kear oan 'e fuortplanting dielnimme.

De noardwestlike hartemûs is in omnivoar, hoewol't er foar it meastepart plantaardich materiaal fret, lykas sieden en fruchten. In diel fan syn fretten bestiet út ûnfertarde sieden dy't dit bistke gearfandelet út 'e dong fan 'e Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus). Foar de winter leit de noardwestlike hartemûs foarrieden sieden oan. Dêrnjonken fret er ek lyts wringeleas dierte, lykas ynsekten, spinnen, oare lidpoatigen en wjirms. Oan 'e kust steane fierders ek de aaien fan beskate seefûgels op it menu, lykas dy fan 'e moarmeralk (Brachyramphus marmoratus) en de noashoarnalk (Cerorhinca monocerata).

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e noardwestlike hartemûs binne benammen ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), de fjildûle (Asio flammeus) en de sparwerûle (Surnia ulula); martereftigen lykas de Amerikaanske nerts (Neogale vison), de langsturtwezeling (Neogale frenata), de Amerikaanske marter (Martes americana), de Pasifyske marter (Martes caurina), de fiskmarter (Pekania pennanti), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii) en de Keninginne Sjarlotte-eilânske harmeling (Mustela haidarum); en stjonkdieren lykas it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis) en it westlik bûnt stjonkdier (Spilogale gracilis). Fierders moat dit bistke ek oppasse foar hûneftigen lykas de foks (Vulpes vulpes) en de prêrjewolf (Canis latrans), en foar kateftigen lykas de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de reade lynks (Lynx rufus) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus).

De noardwestlike hartemûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

De noardwestlike hartemûs hat 16 ûnderskate ûndersoarten. Dêrby giet it foar in grut part om isolearre populaasjes op 'e eilannen fan 'e Aleksanderarsjipel en de Keninginne Sjarlotte-eilannen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: ûnder: Einzelnachweise, op dizze side