Springe nei ynhâld

Noardske geal

Ut Wikipedy
Noardske geal
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemiggesnappers (Muscicapidae)
skaaigealtsjes (Luscinia)
soarte
Luscinia Luscinia
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     wintergast

De Noardske geal (Luscinia Luscinia) is in sjongfûgel yn it skaai gealtsjes (Luscinia) út de famylje fan 'e miggesnappers (Muscicapidae).

De Noardske geal wurdt 15 oant 17 sintimeter lang en hat in soad fan 'e gewoane geal. De Noardske geal is wat grutter, donkerder en minder readbrún. Ek de sang is oars: de Noardske geal hat in ratteljende sang, wylst de geal in melodieuze en fluitsjende sang hat. Ek út it genetysk ûndersyk hat bliken dien dat it dúdlik om twa ferskillende soarten giet en sels de foarkar foar habitat is oars: de Noardske geal kiest foar fochtige bosken, wylst de gewoane geal leaver de strûken, de boskrânen en tunen opsiket.

Ringjen fan in Noardske geal.

Yn it fjild falt it lykwols net altiten ta om de gewoane geal en de Noardske geal útinoar te hâlden. By it ringjen of by it finen fan in dea eksimplaar is it ûnderskied wol betrouber fêst te stellen: de bûtenste hânpin fan in gewoane geal is altiten langer as de hândekfearren, wylst dy by de Noardske geal altiten koarter is.

Wylst de gewoane geal yn West- en Súd-Europa foarkomt, libbet de Noardske geal yn East- en Noard-Europa fan Denemark en it noarden fan Dútslân yn it westen oant djip yn Ruslân mei de Ob as eastlike grins. Yn augustus en septimber trekke de Noardske gealen nei it easten fan Afrika en yn april of maaie komme se werom yn harren briedgebieten. Opfallend is dat de meast westlike fûgels in oare rûte werom nimme.

Yn it westlike grinsgebiet fan it briedgebiet fan Denemark nei it súdeasten oant de Swarte See is in smelle stripe, dêr't de gewoane geal en de Noardske geal tagelyk foarkomme, mar wol elk yn it eigen habitat.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noardske geal nêstelet op tsjustere, fochtige plakken tichteby de grûn. It nêst wurdt boud troch it wyfke en is makke fan drûge blêden, strie, woartels, tûkjes en moas en somtiden hier. Yn it bekerfoarmige nêst wurde yn maaie fjouwer of fiif brune aaikes lei en troch it wyfke útbret. De aaien komme nei trettjin oant fjirtjin dagen út, wylst de jongen mar alve oant tolve dagen yn it nêst bliuwe. Se ferlitte it nêst foardat se fleane kinne.

Noardlike nachtegalen ite meast lytse ynvertebraten lykas ynsekten, spinnen, wjirms en yn 'e lette simmer ek lytse fruchten lykas beien.

De Noardske geal hat in tige grut ferspriedingsgebiet. De oantallen fan 'e populaasje wurde rûsd op 15 oant 24 miljoen folwoeksen fûgels (2021) en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. Dêrfandinne stiet de Noardske geal as net bedrige (Least Concern, 2025) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: