Springe nei ynhâld

Noardske Folksboat

Ut Wikipedy
Noardske Folksboat
Seilteken fan {{{Namme}}}
Seilteken
Lingte7,64 m
Breedte2,20 m
Djipgong1,20 m
Gewicht1000 kg
Bemanning2 oant 4
Seiloerflak20,4 m²
UntwerpTord Sundén
Jier1941

De Noardske Folksboat is in klinkerboude ien-ûntwerpsklasse sylboat.

Op inisjatyf fan de Keninklike Sylferiening fan Goateboarch (1939) waard op de jiergearkomste fan de Skandinavyske Sylferiening (1940) besletten om in ûntwerpwedstriid út te roppen foar de bou fan in "Skandinavyske folksboat". Tord Sundén waard ynhierd om de ynstjoerings troch ferskate priiswinners gear te bringen ta ien ûntwerp.

De earste Noardske Folksboat waard boud yn Sweden (Arendalsverftet, 1941). De boat is ynternasjonaal erkend en hat in tal fan entûsjaste klups, dêr't de Sweedske Folk Boat Association, yn 1944 de earste fan wie. Foar de boat wurde ferskate regatta's organisearre. Sûnt 1976 binne glêsfezelrompen goedkard. De totale produksje (mear as 4000) is for it meast ferdield tusken Sweden (1450), Denemark (1200), Finlân (450), Dútslân (800) en de Feriene Steaten (100).

Keppelings om útens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]