Springe nei ynhâld

Noardmolukske iisfûgel

Ut Wikipedy
Noardmolukske iisfûgel

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus diops
Temminck, 1824
IUCN-status: net bedrige

De Noardmolukske iisfûgel of Noard-Molukkeniisfûgel (Todiramphus diops) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels.

Noardmolukske iisfûgels binne lytse iisfûgels mei azuerblauwe boppedielen en in wite ûnderkant. Mantsjes en wyfkes ha in wite kiel en in wite búk, mar wyfkes ha in blauwe boarstbân wylst it mantsje fan ûnder fierder hielendal wyt is. Yn 'e flecht binne wite plakken op 'e wjukken te sjen. Se ha in donkere snaffel mei tusken it each en de basis fan 'e snaffel in wyt plakje. By jonge fûgels is dat plakje rustbrún en dy ha ek in rustbrune kraach en flanken.

De fûgel is endemysk op 'e noardlike Molukken, in eilannegroep yn it easten fan Yndoneezje tusken Selebes, de Filipinen, Nij-Guineä en Timor.

Se libje meast yn pearkes yn iepen boskgebiet, plantaazjes, degradearre bosken en boskrânen yn leechlân en heuvellân. Yn tichte bosken komme se net.

Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal stadichoan ôfnimt. De IUCN klassifisearret de Noardmolukske iisfûgel op 'e Reade list as net bedrige (2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: