Noardlike sprinkhoannemûs
| noardlike sprinkhoannemûs | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Onychomys leucogaster | ||||||||||||
| Wied-Neuwied, 1841 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De noardlike sprinkhoannemûs (wittenskiplike namme: Onychomys leucogaster) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e sprinkhoannemûzen (Onychomys). Dit bistke komt foar yn in grut part fan 'e westlike Feriene Steaten en lytsere dielen fan Kanada en Meksiko. It is in bewenner fan drûgere kriten, dêr't er nachts aktyf is om yn in fierhinne karnivoar dieet te foarsjen. De IUCN klassifisearret de noardlike sprinkhoannemûs as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noardlike sprinkhoannemûs komt foar yn in grut gebiet yn 'e westlike helte fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, dat (frijwol) it hiele grûngebiet fan 'e steaten Kansas, Nebraska, Súd-Dakota, Noard-Dakota, Wyoming, Utah, Colorado en Nij-Meksiko beslacht, mei dêropta de eastlike helte fan Montana, de súdlike helte fan Idaho, it súdeasten fan Washington, de eastlike helte fan Oregon, de noardeastlike grinskrite fan Noardlik Kalifornje, it noardlike twatrêdepart fan Nevada, de noardlike en eastlike rânen fan Arizona, it westen fan Oklahoma en de westlike râne fan Minnesota. Yn Teksas rint it ferspriedingsgebiet fan 'e noardlike sprinkhoannemûs troch it sintrale diel fan 'e steat, fan 'e Teksaanske Panhandle nei de legere Delling fan 'e Rio Grande. Yn 'e Transpecos ûntbrekt dit bist lykwols.
Bûten de Feriene Steaten komt de noardlike sprinkhoannemûs yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet ek foar yn 'e súdlike rânen fan 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan, en yn it uterste súdeasten fan Alberta. Yn it suden slút de fersprieding yn Teksas oan op in bykommend areaal yn it noardeasten fan Meksiko, dat foar it meastepart yn 'e steat Tamaulipas leit.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noardlike sprinkhoannemûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 6–16 sm, mei in sturtlingte fan 3–6 sm en in gewicht fan 30–60 g. De sturt is hiel koart foar in wrotmûseftige, faak minder as 30% fan 'e kop-romplingte. De pels is op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch en siden) brunich griis (of swart, yn it uterste noardeasten fan it ferspriedingsgebiet), wylst de ûnderste lichemsdielen (snút, kin, kiel, boarst, bealch en poaten) wyt oant krêmkleurich binne. Dêrop wiist it soartespesifike diel fan 'e wittenskiplike namme fan dit bist, leucogaster, dat "wytbúk" betsjut.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardlike sprinkhoannemûzen libje benammen yn drûgere gebieten, lykas op steppes en yn woastinen, mar se komme ek foar yn prêrjes mei koart gers en yn greiden. By útsûndering komt men dizze bisten ek op ikkers tsjin.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noardlike sprinkhoannemûs is in nachtdier dat benammen tige aktyf is by tsjustermoanne en bewolke waar. De hiele nacht lang bringt dit bistke mei de snút omheech en de bek wiid iepen heechtoanige piiplûden fuort om syn territoarium ôf te beakenjen. Soms assosjearret de noardlike sprinkhoannemûs him mei de swartsturtprêrjehûn (Cynomys ludovicianus), mooglik fanwegen harren dielde foarkar foar fersteurde gebieten, om't se allebeide ûndergrûnske hoalen bewenje en omreden fan harren net-oerlaapjende dieet.
Syn hoalen graaft de noardlike sprinkhoannemûs sels of stelt er fan oare, lytsere kjifdieren, faak troch de oarspronklike eigner op te fretten. Ien noardlike sprinkhoannemûs hat ferskate hoalen yn gebrûk, dy't elts foar in beskaat haaddoel bedoeld binne. De nêsthoale is wêr't dit bist de dei rêstend trochbringt, nei't er de yngong tichtstoppe hat om 'e hjittens bûtendoar te hâlden. In flechthoale, mei in gong dy't mei in hoeke fan 45° oant 25 sm ûnder de grûn liedt, tsjinnet foar in flugge ûntsnapping oan rôfdieren. De opslachhoale is foar it oanlizzen fan in itensfoarrie, besteande út lang hâldbere sieden. En beakenhoalen wurde folle mei útskiedings út klieren wêrmei't de grins fan it territoarium ôfset wurdt.
De peartiid rint foar de noardlike sprinkhoannemûs fan mids july oant mids desimber. Mei't de draachtiid 32–47 dagen duorret, wurde de jongen berne tusken septimber en febrewaris. It mantsje foerazjearret foar it wyfke salang't sy drachtich is, en helpt dêrnei om 'e jongen grut te bringen. Wyfkes smite 2–3 nêsten jiers, dy't elts út 2–7, mar trochinoar 4 ûnderskate jongen besteane. Dy komme keal, blyn en helpleas te wrâld, en binne yn 't earstoan foar fersoarging folslein ôfhinklik fan 'e âlden. By de berte weagje se likernôch 3 g. Mei 3 moannen binne sawol de mantsjes as de wyfkes geslachtsryp, mar de libbensferwachting yn it wyld bedraacht ek mar inkele moannen, dat in hiel soad noardlike sprinkhoannemûzen komme foar har dea net iens oan fuortplanting ta.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as de measte wrotmûseftigen hat de noardlike sprinkhoannemûs in fierhinne karnivoar dieet, dat bestiet út ynsekten en oar lyts wringeleas dierte (wêrûnder skorpioenen), mar ek út lytse wrotmûseftigen en mûseftigen en sels slangen. De noardlike sprinkhoannemûs fret ek wol plantaardich guod, mar it komt mar selden foar dat soks oan in fjirdepart fan it totale dieet takomt. Plantaardich materiaal wurdt benammen om midwinter hinne fretten.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e noardlike sprinkhoannemûs binne ûlen lykas de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata) en de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), en haukfûgels lykas de readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis) en de prêrjemûzefalk (Buteo swainsoni), mar ek de prêrjewolf (Canis latrans) en ferskate soarten slangen, lykas de prêrjerattelslange (Crotalus viridis), de Grutte-Dobberattelslange (Crotalus lutosus), de westlike rattelslange (Crotalus oreganus) en de Teksaanske rattelslange (Crotalus atrox).
Sykten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardlike sprinkhoannemûzen hawwe soms wol 57 ûnderskate soarten flieën, wêrfan't in grut diel fektoaren binne fan 'e pestbaktearje (Yersinia pestis). Mei't dizze bisten nauwe omgong hawwe mei de swartsturtprêrjehûn (Cynomys ludovicianus), wurdt de noardlike sprinkhoannemûs beskôge as in wichtige oarsaak fan it yn stân bliuwen fan 'e pest as endemyske sykte mank de prêrjehûnepopulaasje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noardlike sprinkhoannemûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noardlike sprinkhoannemûs wurdt beskôge as in monotypyske soarte, wat ynhâldt dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Eizelnachweise, op dizze side.
|

