Springe nei ynhâld

Noardlike griiskopmosk

Ut Wikipedy
Noardlike griiskopmosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer griseus
Vieillot, 1817
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

* grien: P. g. griseus
* read: P. g. laeneni
* blau: P. g. ugandae

De noardlike griiskopmosk (Passer griseus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e moskfûgels (Passeridae) yn it skift.

De soarte hat in grize kop en ûnderkant en in brune rêch, wjukken en sturt. Hy hat in soad fan 'e súdlike griiskopmosk (Passer diffusus), de Swahilymosk (Passer suahelicus) en tsjoksnaffelmosk (Passer gongonensis). De noardlike griiskopmosk is lykwols wat grutter, mei in gruttere snaffel en in lytser bleek skouderplak neffens de súdlike griiskopmosk, ûnder wat bleker neffens de Swahilymosk en mei in lytsere snaffel en blekere ûnderkant neffens de tsjoksnaffelmosk.

Mantsjes en wyfkes binne wakker itselde en jonge fûgels binne wat doffer en misse it wite wjukplak.

De noardlike griiskopmosk komt foar yn in grut part fan Sub-Saharaansk Afrika. Hy wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Guon nimme ek de Etiopyske mosk (P. swainsonii), tsjoksnaffelmosk (P. gongonensis) en de Swahilyi-mosk (P. suahelicus) op as in ûndersoarte.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noardlike griiskopmosken wurde yn in grut ferskaat fan biotopen oantroffen. Hy wurdt faak tichteby minsken sjoen, mar libbet ek op savannes en yn iepen bosken.

De noardlike griiskopmosk bout in bekerfoarmich nêst yn beammen of reid of brûkt âlde nêsten fan oare fûgels. In lechsel bestiet út twa oant fjouwer aaikes.

Lykas oare moskfûgels yt er benammen sied en nôt, mar as se jongen ha ite se ek ynsekten.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list. Oannommen wurdt dat de populaasje in stabile ûntwikkeling hat.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: